Springe nei ynhâld

Flânsum

Ut Wikipedy

Flânsum is in buorskip by Raerd yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't tusken de doarpen Raerd, Jirnsum en Poppenwier leit.

Tsjintwurdich bestiet Flânsum út in fiiftal pleatsen. Oant om 1818 hat der yn Flânsum noch in seisde pleats stien mei dêrby in kapel. Yn dy kapel kaam foar de Reformaasje ienris yn it jier in priester om de mis te lêzen. Nei de mis wie it dan feest. De pleats mei de kapel is om 1818 ôfbrutsen, mar noch alle jierren wurdt yn ien fan de pleatsen op Flânsum in skuorrefeest hâlden dat de Flânsumer merke neamd wurdt.

Earder wie Flansum oer it wetter berikber fia de Flansumer Feart, dy't op de Krúsbrekken út kaam. Hjoed-de-dei komt in sydfeart noch krekt benoarden Jirnsum út op de Mûzel.

Flânsum leit op in terp. De namme "Flânsum" hat earder "Flaersem" wêst, nei alle gedachten fan "Flear": leech, sompich gebiet. Flear (yn it Nederlânsk "Fleer") komt as famyljenamme noch yn de omkriten fan Flânsum foar.