Krúsbrekken

Ut Wikipedy

De Krúsbrekken, of Tersoalster Brekken, is in krúsfoarmich marke yn de gemeente Boarnsterhim, yn 'e neite fan it doarp Tersoal.

De Krúsbrekken wurde foarme troch de krusing fan de Tersoalster Sylroede en de Bangafeart mei de ferbining tusken de Flânsumer Feart en de eardere Tersoalster Opfeart en Mûntsjefeart. It krúspunt leit likernôch op 53°3'40''N - 5°45'40''E.

De namme tsjut oan dat it wetter mooglik ûntstien is by in trochbrek fan in dyk, dat dan de Griene Dyk west hawwe moat. It wiidste part fan de Krúsbrekken is lykwols de eastlike earm, dy't likernôch mei de dyk parallel rint. Troch de oerhearskjende westewyn slacht de wâl oan de eastkant fan dy earm stadichoan ôf sadat de Krúsbrekken oan dy kant geandewei grutter wurdt.

Earder kaam ek de Sâlte Grêft út yn de Krúsbrekken. Hjoed de dei binne alle útgongen ôfsluten of ferdwûn, útsein de noard-súdferbining troch de Bangafeart en de Tersoalster Sylroede. Dy ferbining is ek part fan de rûte fan De Krite troch. It part fan de Krúsbrekken tusken de Sâlte Grêft en de Flânsumer Feart is part fan de grins fan de himrik fan Jirnsum.