Westhim

Westhim is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdeast fan Blauhûs oan de Himdyk. De namme komt ek foar as Woschem en Westhem. Oant 2011 lei Westhim yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 97 ynwenners (2007). De Himdyk is al iuwen âld. It wie eartiids de ienige ferbining mei Blauhûs en Drylts. Folle letter is fan it fuotpaad op de Himdyk in wei makke. Westhim is yn de folksmûle ‘De Kot’ en yn Westhim wenje ‘Kotsters’. Ek it kafee hjit De Kot.
De tsjerke is wijd oan de hillige Bartolomeüs. Yn de klokkestoel hingje twa klokken. Ien fan 1639 en de âldste is fan 1353. Hjir stean de nammen op fan Bartolomeüs en fan de "persona" fan Westhim, Luidulfrus.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De measte bern gean yn Blauhûs nei de basisskoalle. Ek foar ferienings giet men faak nei Blauhûs. De buertferiening yn it doarp hjit Underlinge Wille.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Kat -
- Feytebuorren - it buorskip Feytebuorren.
Berne yn Westhim[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Jaring Walta (1887-1971), skilder, tekener en etser.
- Lolkje de Jong-van den Berg (1947-), heechlearaar sosjale farmasy en farmako-epidemiology oan de Ryksuniversiteit Grins.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|