Jaring Walta
Jaring Douwes Walta (Westhim, 12 maart 1887 - Wytgaard, 19 novimber 1971), wie in keunstskilder út Wytgaard. Hy is de heit fan Meinte Walta.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waard berne as soan fan frachtrider Douwe Walta en Afke Nijholt. Hy waard al jong hûsskilder en makke dyn it earstoan fervekwasten en bussen skjin foar syn baas. Nei syn trouwen kaam er mei syn frou Berber Rypma yn 1910 nei Wytgaard. Hy hie oan de Buorren in ferverssaak en lak- en spuitynrjochting. Boppedat wie er skearbaas en ferkocht er sigaren. Walta hie in grutte leafde foar de natoer en foar muzyk en lies in soad. Letter krige er aardichheid yn it keunstskilderjen en naam er tekenlessen oan de jûnsskoalle yn Ljouwert.
Tegearre mei syn ferneamde omke Germ Rypma kopiearre er doeken fan ferneamde masters yn museums en makke kontakt mei oare skilders as Andries van der Sloot, Gerrit Benner en Hans van der Schaaf. Ek hie er kontakten mei skriuwers as Douwe Kiestra, Reinder Brolsma en S. Sipma. Hy skildere meast yn oaljeferve.
Syn wurk bestie út stillibbens, lânskippen en portretten, wêryn er besocht om it karakter fan de minsk te treffen. Hy makke hieltiten mear namme, mar bleau beskieden en woe net graach yn de oandacht stean.
Yn 1956 hie er mei syn soan Meinte in útstalling yn it Keunstsintrum Prinsetún yn Ljouwert Twee generaties Walta. Yn 1972, in jier nei syn ferstjerren, die ek pakesizzer Klaas mei oan Drie generaties Walta, ek yn de Prinsetún.
Walta wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners. Hy stoar yn de âldens fan 84 jier yn 1971.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|