Prinsetún

Ut Wikipedy
De muzykkoepel fan de Prinsentún (2016)
De Prinsetún yn Ljouwert yn de 19e iuw
troch Jacob Bonga

De Prinsetún is in park oan de noardkant fan de binnenstêd fan Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1650 hinne waard der op dit plak in park/lusthôf oanlein yn opdracht fan prins Willem Freark fan Nassau-Dietz. In earebetoan oan de ein fan de 80-jierrige oarloch en de frede fan Münster. Dit gedielte fan de stêd soe noch sa’n 150 jier ôfsluten bliuwe foar it publyk. Yn opdracht fan Kening Willem I waard it park iepenbier. Hy skonk de Prinsetún oan de Ljouwerter befolking. It park waard faker ferboud, yn 1734 yn Le Nôtrestyl oant it yn 1795 frij tagonklik waard.

Om 1822 hinne waard de tún ferboud troch Lucas Pieters Roodbaard. Nei wer in oantal ferbouwings waard de tún yn 2004 wer foar it grutste part in de styl brocht sa't Roodbaard dy destiids oanlizze litten hie. Der waarden doe ek akkomodaasjes boud foar de stedsjachthaven.

De Ljouwerter Theo Douma betocht en boude de hjoeddeiske hoarekafoarsjenning mei de namme De Koperen Tún, neamd nei de roman fan Simon Vestdijk. It etablissemint waard yn 1989 troch de widdo Mieke Vestdijk offisjeel iepene.

In de tún stiet ek it Pier Pander Museum, dat yn 1954 iepene waard.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De tún út de roman De koperen tún fan Simon Vestdijk is nei alle gedachten de Prinsetún. De wichtichste dielen fan it ferhaal spylje har dêr ôf.
Parken yn de stêd Ljouwert
AbbingaparkDr. ZamenhofparkEasterfiverparkJulianaparkLieuwenburgseamNoarderplantaazjePrinsetúnRengersparkWesterpark