Ferver

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Hûsskilder")
Gean nei: navigaasje, sykje
In ferver oan't wurk

In ferver as hûsskilder (moderner) is ien dy't it houtwurk of oar materiaal fan in gebou fervet.

De ferver fervet ûnderdielen (fan hout, stien, metaal as keunststoffen) fan in gebou as oare konstruksje om it te beskermjen tsjin korroazje, waarsynfloeden en oare foarmen fan oantaasting fan de ûndergrûn en om it ûnderdiel moaier te meitsjen. In trochsichige laach fan lak of beits kin er tapasse at it materiaal te moai of te djoer is om it mei ferve te ferbergjen. Neist fervjen behinget er ek en is er ek faak glêssetter.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de midsiuwen wie de ferver lid fan in gilde. De masterferver wurke mei syn feinten oan it ûnderhâld fan gebouwen. Ek moasten de fervers it heraldysk wapen fan de stêd op de wapenskylden oanbringe. Sa is de beropsnamme 'skilder' ûntstien.[1]

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân kin in skilder hjoed de dei in oplieding folgje by in regionaal opliedingssintrum (roc). Ek is der in mbo-oplieding oan it NIMETO yn Utert, St. Lucas yn Boxtel of it CIBAP yn Swol om de saneamde masterferver-titel te heljen.

Beropssykten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schilder (verver) op Etymologiebank.nl