Wytgaard
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2019) | 575 | ||||
Webstee | Webstee Doarpsbelang |
Wytgaard is in doarp súdlik fan Ljouwert yn de gemeente Ljouwert, mei 618 ynwenners op 1 jannewaris 2006 en 575 yn 2019.
Wytgaard leit oan de Wei nei Oerisel, tusken Barrahûs yn it noarden en Reduzum yn it suden. Dy dyk is op dit plak in âlde seedyk fan de Middelsee. De haven fan Wytgaard is lykwols yn 1955 dimpt, mei it gefolch dat de Wytgaardster Feart no gjin ferbining mear jout.
Wytgaard wie oant 1956 in roomsk buorskip fan it protestantske Wurdum. It wurdt der no fan skieden troch de A32 en it spoar fan Swol nei Ljouwert. It krige syn hjoeddeiske grinzen op 1 jannewaris 1957 nei noch wat oanpassings fan de skieding. It nije doarp hie yn 1958 621 ynwenners.
Wytgaard leit oan de eastlike fytsrûte fan it Jabikspaad.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oan de eardere Middelseedyk, no de Bredyk, stie earder de stins Grut Oenema, dy't ek wol Camminghastate neamd waard. Mear súdlik stie Ald- of Lyts Oenemastate.
Oan de Púndyk nei Wurdum stie nei 1719 in skûltsjerke, wêrfan hynstekeapman Doeke Jans (Roorda) de earste stien lein hat. Yn 1833 liet Reinier baron fan Middachtenis hjir in koepel opsette. Dat wie de earste roomske klok nei de Reformaasje.
De monumintale Cuyperstsjerke wie fan 1872 en is yn 1966 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.
Doarpswapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it wapen stiet in rivierke, en tsjut it eardere haventsje oan de Middelsee oan. De earnekop komt fan de famyljewapens fan Feytsma, Jeltinga en Sytzama dy't in soad oansjen hiene. De kaam komt út de wapens fan de geslachten Cammingha en Camstra, dy't ek op states yn it doarp wennen. De spikers binne ûntliend oan it krús fan Kristus, omt yn Wytgaard in dokumintaasjesintrum foar roomsk Fryslân sit.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn doarpshûs De Twirre komt ek de feriening foar Doarpsbelang gear. Ek de aktiviteitenkommisje hjit De Twirre.It doarp hat trije buertferienings: De Finne, Fopma's Reed en Meekeshof-East. De merkekommisje regelt de merke op freed en sneon fan wike 33. Basisskoalle Teake Jan Roordaskoalle stiet oan de Tjissema.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Middelseesjongers - shantykoar
- Mei Elkoar Nij Libben Wurdum/Wytgaard - keatsen
- Fuotbalferiening WWS
- Lyts Mar Krigel - toaniel
- Pier Thomas - iisklup
- VVW - follybal
- Oant No ta - fuotbal en darten
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bekende (âld-)Wytgaarders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Jan Arendz (* 26 febrewaris 1952) en Marijke Geertsma - Fryske akteurs
- Berber van der Geest (* 19 febrewaris 1938) - Frysk dichteresse en skriuwster
- Rein Jonker (* 10 septimber 1950) - Frysk hurdrider - twadde Alvestêdetocht 1986
- Andries Miedema (* 19 april 1937) - Frysk dichter
- Syb van der Ploeg (* 15 juny 1966) - Frysk sjonger, komponist en tekstskriuwer
- Bauke Roolvink (1912-1979), politikus en minister
- Rinke Tolman (* 25 maaie 1891 - 12 maart 1983) - Frysk fjildbiolooch, skriuwer fan natuerboeken, sjoernalist en dichter
- Jaring Walta (Blauhûs, 12 maart 1887 - Wytgaard, 19 novimber 1971) - Frysk keunstskilder
- Syds Wiersma (* 21 jannewaris 1963) - Frysk dichter
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Arnold Cathstrjitte, Bredyk, Buorren, De Finne, Fopma's Reed, Hegedyk, It Kleaster, Lapedyk, Meekeshof, Noardein, Púndyk, Tjissema, Weidumerdyk, Weiwiskedyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |