Himpens

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Himpens
Flagge fan Himpens Wapen fan Himpens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Himpens
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2020) 260
Webstee Webstee Himpens-Tears

Himpens (offisjeel Nederlânsk: Hempens) is in doarp yn de gemeente Ljouwert, súd fan de stêd yn de bocht fan it Van Harinxmakanaal. It doarp hat 175 ynwenners (2005). Himpens waard yn 1603 kombinearre mei Tearns en de doarpen hawwe tegearre sawat 226 ynwenners.

Under Himpens falle de buorskippen Suderbuorren en De Hoek. Yn 2012 waard de yn de 1960-er jierren tichtsmiten doarpsfeart fannijs útgroeven.

Troch de bou fan de wyk Suderbuorren binne Himpens en Tearns foar in part troch Ljouwert omsletten. Súdwest fan de doarpen lizze de Tearnzer Wielen. Dat mar is ûntstien troch it ôfgraven fan bougrûn foar Suderbuorren.

It doarp hat ek in lytse wenskippehaven.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp wie fan oarsprong in dykdoarp. De plaknamme ferwiist nei de persoansnamme Hempe.

Yn 1806 waard der in âldere tsjerke ferfongen, dochs dy baarnde yn 1945 folslein ôf. De tsjerke waard yn 1948 fannijs boud, de hjoeddeiske Martinustsjerke. It doarp woeks dêrnei en yn it tiidrek dêrnei. Oan de ein fan de tweintichste iuw ferlear Himpens in part fan syn grûngebiet oan de stêd Ljouwert.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2009 waard de kuorbalferiening fan Himpens gearfoege mei dy fan Goutum. De feriening hjit Wêz Warber en Fluch. It doarp hat fierders noch guon lytsere sportferienings en in biljertklup.

Kultuur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Himpens stiet it doarpshûs fan it twillingdoarp Himpens-Tearns, dêr't ek in tonielferiening yn sit. Meiïnoar hawwe de twa doarpen ek in moanlikse doarpskrante.

Yn de buorskip Suderbuorren is it Amfiteater fêstige oan de Nauwe Greons, dêr't in soad kulturele eveneminten yn de maitiid en simmer holden wurde.

Underrjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twa doarpen hawwe gjin eigen basisskoallen, mar der binne twa basisskoallen, in kristlike en in iepenbiere yn de súdlike râne fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren, net fier fan it twillingdoarp. Himpens hat lykwols al in skoft in eigen skoalle hân, want de dyk Skoalledyk tinkt der noch oan werom.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hoek, De Leijte, Glinswei, It Leechje, It Streekje, J H V IJsselstrjitte, Johannesleane, Reintje Visser-Beardastr, Skoalledyk, Suderbuorren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: