Martinustsjerke (Himpens)
Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Himpens | |
adres | Skoalledyk | |
koördinaten | 53° 10'N 5° 50'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
status | Kultureel sintrum; ek yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | tsjerke: 1947; toer 1872 | |
Webside | ||
goutum.protestantsekerk.net | ||
Kaart | ||
De Martinustsjerke is de doarpstsjerke fan Himpens yn de gemeente Ljouwert. De tsjerke wurdt beheard troch de stifting "Freonen fan de Tsjerke Himpens-Tearns" en wurdt brûkt as kultureel sintrum, mar der fine ek noch geregeldwei tsjerketsjinsten plak.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan de tsjerke, dy't oarspronklik wijd waard oan de hillige Martinus fan Tours, giet mooglik werom op de 12e iuw. Nei in grutte ferbouwing yn de 17e iuw waard it tsjerkeskip yn 1806 sloopt en op de âlde fûneminten op 'e nij boud. Yn 1872 folge de sloop fan de westlike gevel en de sealtektoer foar de bou fan de hjoeddeiske toer mei in spits. De tagong ta de tsjerke ferhûze doe nei de westlike kant yn de toer.[1]
Op 9 desimber 1945 baarnde de tsjerke folslein ôf. Allinnich it ûnderste diel fan de toer bleau bewarre. De Himpenser befolking sammele it nedige jild yn en bouden de tsjerke sels wer op. Yn 1948 koe de tsjerke op 'e nij iepene wurde. Sûnt dy tiid lizze de âlde grêfsarken, dy't earder ûnder in houten flier ferskûle leine, wer yn it sicht op de flier. De preekstoel datearret út de tiid fan de weropbou. It poartsje tusken de toer en tsjerke is opmitsele fan âlde kleastermoppen dy't fûn binne ûnder de ôfbaarnde tsjerke en stamme nei alle gedachten noch fan de earste tsjerke dy't yn Himpens stien hat. [2]
De lytse herfoarme mienskip fan Himpens waard yn de jierren 1980 gearfoege mei dy fan Goutum en it gebou waard oan de stifting Freonen fan de Tsjerke Himpens-Tearns oerdroegen. Yn de jierren 1990 waarden de tsjerkebanken ferfongen troch losse stuollen. Mei de oanlis fan de nije wenwyk Suderbuorren koe der op 9 desimber 2001 wer foar it earst sûnt 1988 in tsjerketsjinst yn it Himpenser tsjerkje holden wurde.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de tsjerke datearret út 1962 en waard boud troch H.J. Vierdag.[4]
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken fan de tsjerke troch de besetter foardere. Se waarden yn 1949 ferfongen troch twa nije klokken en drage de opskriften[5]:
- 'Us stimmen sill’ gean mei de wyn oer it gea, Yn blidens bij bert’, yn drôvens by dea'.
- 'Ienris binnen wy tobrutsen troch de hân fan de ierdske macht, Mar hwat de tiden bringe, God hâldt oer ús de wacht.'
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in kultureel sintrum, mar dêrnjonken is it ek in troutsjerke fan de gemeente Ljouwert en wurdt de tsjerke noch regelmjittich ferhierd oan de protestanske gemeente fan Goutum e.o. om tsjerketsjinsten te fieren.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|