Leons
Leons | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30 (2022) [1] | |
Oerflak | 1,92 km² werfan lân: 1,88 km² werfan wetter 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 16 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 05° 40' E | |
Offisjele webside | ||
Side Húns-Leons | ||
Kaart | ||
Leons, earder ek wol 'Liouwens', is in terpdoarp yn de gemeente Ljouwert. It is ien fan de lytste doarpen fan de gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 13e iuw waard it doarp foar it earst as 'Leonghem' neamd. Oare foarmen binne 'Lyons' (1438), 'Lyowens' (1440), Leons (1445), Leogini (1482), 'Lyoens' (1511), Leons (1529), 'Lions' (1530) en 'Lyons' (1543). It earste stikje fan de namme soe oerienkomme mei de tsjintwurdige namme Liuwe.[2]
De 14e iuwske Katarinatsjerke fan it doarp is fan romaanske oarsprong en stiet op in restant fan de ôfgroeven terp. De tsjerke wurdt foar kulturele aktiviteiten brûkt, mar der is ek noch regelmjittich preek. Yn de muorre is in tinkstien oanbrocht ta neitins oan de fersetsmanlju Pieter Pier Reitsma en Hein Schukken, twa ynwenners fan Leons dy't yn 1944 yn Vucht fusillearre binne
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Leons diel út fan de gemeente Baarderadiel. Dêrnei wie it in doarp yn de gemeente Littenseradiel en op 1 jannewaris 2018 waard Leons yndield by de gemeente Ljouwert.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't it doarp sa lyts is, wurdt in soad gearwurke mei Húns. Der is in feriening foar doarpsbelang. It doarpshûs 'De Murdhûn' stiet yn Húns. Yn it doarpshûs sit winterdeis de soas. Ynwenners fan Leons wurde 'wynhûnen' neamd en Húnsers stean bekend as 'murden'. Alle jierren is der merke.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 41 | 48 | 49 | 49 | 48 | 20 | 30 |
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Katarinatsjerke (Leons).
- Protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn Leons is in romeinsk brûnzen byldsje fûn fan de goadinne Fortuna, dat yn it Frysk Museum bewarre wurdt.
- Der ride bussen nei Ljouwert en Boalsert.
- 'De Takomst' is de toanielferiening.
- Doe't de keatsferiening hûndert jier bestie is it boekje "Húns en Leons yn fûgelflecht" útjûn.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leons hat gjin strjitnammen. Leons hat allinne nûmers.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |