Springe nei ynhâld

Katarinatsjerke (Leons)

Ut Wikipedy
Katarinatsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Leons
koördinaten 53° 09' N 5° 40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Katarina fan Aleksandrje
Arsjitektuer
boujier 14e iuw, toer yn de 19e iuw ommitsele
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8496 [1]
Webside
PKN-gemeente Hilaard-Húns-Leons
Kaart
Katarinatsjerke (Fryslân)
Katarinatsjerke

De Katarinatsjerke yn Leons is in 14e iuwsk tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Hilaard-Húns-Leons. De gemeente hâldt de tsjinsten ôfwikseljend yn de tsjerken fan Hilaard, Húns en Leons. De "Stifting Tsjerken Húns-Leons" is ferantwurdlik foar it behear fan de tsjerke.

Oersjoch ynterieur

De tsjerke waard yn de 14e iuw boud en oan de hillige Katarina fan Aleksandrje wijd. It giet om in ienskippich gebou mei in trijesidich sletten koer. De súdlike muorre waard letter op 'e nij opmitsele. De âldste dielen fan de tsjerke binne te sjen oan de noardlike en eastlike kant fan de tsjerke. Dêr bleaune lytse rûnbôgige finsters bewarre. De twa yngongen binne dêr tichtmitsele. Yn it koer sit noch in mei reade bakstien tichtset letromaansk finster. Yn de 19e iuw is de midsiuwske toer ommitsele.

Foar de tsjerke drige yn de jierren 1950-1960 ôfbraak. It Hardorff-oargel wie al útboud, mar de sloop gyng troch protesten net troch. Yn de jierren 1968-1970 folge ûnder lieding fan A. Baart en J.D. van der Molen in restauraasje fan it ryksmonumint. Boaiemfynsten fan dekorearre stiennen wurde yn de tsjerke útstald. De tsjerke krige sels wer in oargel dat earder yn de Evangelysk-Luterske tsjerke fan Hilversum stien hie.

De pastorij njonken de tsjerke stamt út 1878 en is ek in ryksmonumint.

Fan de midsiuwske tsjerke binne noch in pear grutte rûnbôgige nissen yn de noardlike muorre oerbleaun. Ek in nis rjochts fan de preekstoel datearret noch fan foar de reformaasje. Yn de tsjerke lizze in pear âlde sarken. De preekstoel en it doopfont binne net âld.

De keunstskilder Giovanni Dalessi makke fan de oarspronklike patroanhillige in skilderij foar de tsjerke fan Leons. De Stifting Nije Keunst yn Alde Tsjerken kocht it skilderij foar de Katarinatsjerke oan, tegearre mei oar wurk fan de skilder foar tsjerken út de omkriten.[2]

De tsjerke hie in monumintaal oargel fan Willem Hardorff út 1875, dat yn ferbân mei de oansteande ôfbraak ferhuze nei de tsjerke fan Húns. Doe't de sloop fan de tsjerke dêrnei net trochgyng en der in restauraasje folge, krige de tsjerke in ienfâldich oargel dat oarspronklik yn de Evangelysk-Luterske tsjerke fan Hilversum stien hat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: