Warten
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2008) | 998 | ||||
Webstee | Doarpsbelang Warten |
Warten Nederlânsk: Wartena) is in Frysk doarp yn 'e gemeente Ljouwert. It leit direkt noardlik fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen, oan it Prinses Margrietkanaal. It is troch in pontfear it ferbûn mei Earnewâld. Sûnt 1989 is de offisjele plaknamme it Frysktalige 'Warten'. It doarp hearde foar de gemeentlike weryndieling fan 2014 ta Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Idaerderadiel. Yn 2008 hie Warten 998 ynwenners.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Warten ûntstie oan it Alddjip. Om 900 moat de terp al bewenne west ha. It lei frijwat isolearre omt der allinnich oer wetter goed te kommen wie. Op âlde kaarten wurdt it oantsjutten as Warthna en Wartengahe. Dat soe in soarte fan gearlûking wêze kinne fan Warten, Wergea en Warstiens. Yn 1865 en 1866 waarden der wegen oanlein nei Garyp en Wergea.
Yn Warten siet sûnt 1907 in skipswerf dêr't skûtsjes, sleepboaten en coasters boud waarden. Ek MS Sier waard hjir boud. Yn 2003 gie de werf fallyt.
Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan akteur Rense Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.
Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De herfoarme tsjerke út 1780 hat brânskildere ramen.
- Yn de buorren stiet de Ald Fryske Greidbuorkerij" út 1700 dy't yn 1955 opknapt is. Yn dit langhûs sit no in museum. In oar museum is "It Earmhûs".
- Súdeast fan it doarp stiet mole De Ikkers, in oarspronklik út de 18e iuw datearjende spinnekopmole.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der is in feriening foar Doarpsbelangen. It doarpsblêd hjit Kommune. De Finne en It Ljochtbeaken binne de basisskoallen fan it doarp. De Roekeflecht is de soas far jonfgerein. Oan de Rochsleat efkes bûten Warten leit in jachthaven.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1954 - 834
- 1959 - 809
- 1964 - 811
- 1969 - 777
- 1973 - 804
- 1999 - 988
- 2004 – 1022
- 2007 - 1003
- 2008 - 996
- 2010 - 963
Bekende (âld) ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Roelof en Marit Bouwmeester - Fryske silers
Berne yn Warten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Albert Wybenga (1887), skriuwer
- Sipke Castelein (1910), reedrider
- Jan Wybenga (1917), skriuwer
- Roel Bergsma (1917), dammer en revuskriuwer
- Piter Bergsma (1927), dammer en revuskriuwer
- Piter Boersma (1947), skriuwer
- Roelof Bouwmeester (1985), hurdsiler
- Marit Bouwmeester (1988), hurdsilster
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Warten.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|