Springe nei ynhâld

Jan Wybenga

Ut Wikipedy

Jan Wybenga, (Warten, 17 septimber 1917 - Grins 28 juny 1994) wie in learaar en Frysk skriuwer.

Hy wie in soan fan Albert Jans Wybenga. Wie haadûnderwizer yn Sint-Anne en Wommels, ûnderwizer oan de Mulo yn Frjentsjer, sûnt 1956 en 1957 learaar oan de Rykskweekskoalle yn Grins en Ljouwert.

Redakteur fan De Tsjerne (1953-1955). Skreau ferhalen, kritiken, gedichten (Amoeben, 1954). Syn wurk heart foar in part ta de 'eksperimintele' rjochting. Yntrodusearre hjerst 1952 eksperimintele poëzij yn De Tsjerne mei Hurrel; boartlike sketskes yn Alternatyf. Krige yn 1965 de Gysbert Japicxpriis foar poëzij foar syn twadde bondel Barakkekamp en yn 1977 de Gysbert Japicxpriis foar Lyts Frysk deadeboek.

  • Amoeben (1954)
  • Barakkekamp (1962)
  • Kj3 (1973)
  • Lyts Frysk deadeboek (1974)
  • Moai waar en lange dagen (1981)
  • Easterstreek (1982)
  • De foksejacht (1989)
  • Fergetten fersen (1990)
  • Grien en koaningsblau (1993)
  • It hûs en oar neilitten wurk (1998)

Oersetting:

  • 1968 : Jo Smit. De Fryske literatuer 1945-1967. De Tsjerne 1968/4 (essay)
  • 1971 : Tiny Mulder. Hwer hast it wei? (fraachpetear)
  • 1972 : Tekst en Utliz (Steven H.P. de Jong)
  • 1992 : Jan Wybenga-nûmer Hjir, 1992, nû. 4-5

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]