Alternatyf (tydskrift)
Appearance
Alternatyf | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Frysk | |
sjenre | literatuer | |
frekwinsje | 4-6 × jiers | |
bestean | 1970-1974 | |
tal abonnees | 300 |
Alternatyf wie yn Frysk literêr tydskrift.
It blêd waard 1970 oprjochte troch Lykele Jansma, Hindrik S. de Brún en Geart van der Meer en opheft ein 1974, mar daliks weroprjochte troch L. Jansma. Mear as oare Fryske tydskriften bestege Alternatyf oandacht oan de net-Fryske literatuer; oersettings fan bûtenlânske poëzij en essays. Wichtich binne de soad yllustraasjes. Ferskynde yn it earstoan fjouwer kear jiers, letter seis kear. It hie hast 300 abonnees. De lêste jierren fan it blêd waard Alternatyf laat troch L. Jansma as ienige redakteur-útjouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|