Springe nei ynhâld

Jo Smit

Ut Wikipedy
Jo Smit
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jo Smit
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 maart 1916
berteplak Midslân (Skylge)
stoarn 30 april 1991
stjerplak Formearum (Skylge)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Midslânsk, Nederlânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
poëzij, toaniel, essay's, non-fiksje
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Sûnder Sûker
Wês Foarsichtich, Watse
prizen Rely Jorritsmapriis 1957
Rely Jorritsmapriis 1958
Gysbert Japicxpriis 1963
Lutinepriis 1973
jierren aktyf 19561991
offisjele webside
n.f.t.

Jo Smit (Midslân, 24 maart 1916Formearum, 30 april 1991) wie in Frysk skriuwer, dichter, toanielskriuwer, essayist, publisist, ûnderwizer en sjoernalist. Hy stiet yn Fryslân almeast bekend sjoernalist, skriuwer yn it Frysk en lid fan 'e Fryske Beweging. Lykwols sette er him ek yn foar syn memmetaal, it Midslânske dialekt fan Skylge, dat er as ien fan 'e earsten ek brûkte as skriuwtaal.

Smit wie hikke en tein yn Midslân, op Fryske Waadeilân Skylge, mar ferfear mei tsien jier mei syn âlden nei Rotterdam. Letter wenne er noris al en dan wer net op it eilân. Hy wie in tige alsidich man, dy't by syn libben û.m. wurke as learling-ferpleger yn in psychiatrysk sikehûs, as ûnderwizer en letter as learaar oan 'e Skylger seefeartskoalle, as sjoernalist by de Ljouwerter redaksje fan 'e sosjalistyske krante Het Vrije Volk, en fierders as boekhâlder en as haad fan 'e ôfdieling "Sprutsen Wurd" fan 'e VARA-radio. Teffens wied er fan 1953 oant 1959 direkteur fan 'e noardeastlike regionale omrop RONO, wêrby't er nau gearwurke mei haadredakteur Cornelis Douwes.

Pas yn syn middeljierren ûntjoech Smit him ta skriuwer yn it Frysk, mei syn debút Sûnder Sûker, in novelle dy't yn 1956 útkaam. Neffens Dykstra en Oldenhof "wist men [doe] fuort dat men net rjocht wist wêr't men mei dizze man oan ta wie."[1] Smit syn wurk blonk út troch de nuvere foarfallen en brike tastannen dy't er deryn ferwurke. Fral yn koarte ferhalen as Fabel fan de Túnslang kaam dat goed ta utering. Yn 1968 skreau er in ludike detektiveroman, Wês Foarsichtich, Watse!, dy't yn 2000 werútjûn waard as ûnderdiel fan 'e rige Fryske Klassiken.

Yn 1957 en 1958 wûn Smit twa kear efterinoar de Rely Jorritsmapriis mei syn fersen, en foar syn ferhalebondel Bisten en Boargers, út 1959, waard him yn 1963 de Gysbert Japicxpriis takend. Yn 1973 waard oan him ek noch de Lutinepriis útrikt. Njonken syn fiksje en dichtwurk skreau Smit ek essay's en publisearre er û.m. oer it federalisme en de Fryske literatuer. Teffens wied er ien fan 'e earsten dy't syn memmetaal, it Midslânsk, as skriuwtaal brûkte; Smit publisearre twa toanielstiken, in musical en in stikmannich gedichten yn dat dialekt. Fierders wie Smit mei-oprjochter en earste foarsitter fan it Skriuwersboun. Hy kaam yn 1991 yn it Skylger doarp Formearum te ferstjerren.

romans en novelles
ferhalebondels
  • 1959 – Bisten en Boargers
  • 1991 – De Bêste Fryske Ferhalen
toaniel
  • 1966 : Happening de Vries (yn: De Tsjerne XXI, s.1-62)
poëzij
  • 1970 – Stôk en Ballen (eigen behear; grutdiels wijd oan biljerten, dêrfandinne de titel)
essay's en oare non-fiksje
  • 1956 – Federalistyske Eachweiding (oer Westjeropeeske minderheden)
  • 1968 – De Fryske Literatuer 1945-1967
  • 1973 – Dit Is Ien Seldzem Almenak: It "Nieuw Leeuwarder Almanach" út it Jier 1778
  • 1979 – It Rydbewiis ??

Yn it Midslânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
toaniel
  • 1983 – Buuren
  • 1987 – An 'e Reis (musical)
  • 1989 – Sundrum

Yn 'e Skylger dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
ferhalebondel
  • 1966 – De Mimmetaal: Schylgelôner Leisboek

Yn it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
essay's en oare non-fiksje
  • 1972 – Terschellinger Getij
  • 1984 – Terschellinger Jaarboek 1984
  • 2000 – De Moderne Roman Als Moraliteit (essay's, gearstald troch Jabik Veenbaas)

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Kategory Foar
1957 Rely Jorritsmapriis bêste fers Ein
1958 Rely Jorritsmapriis bêste fers Hjerst
1963 Gysbert Japicxpriis n.f.t. Bisten en Boargers
1973 Lutinepriis n.f.t. oeuvre

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, s. 124.

boarnen: