Boekhâlder

Ut Wikipedy

In boekhâlder is immen dy't de boekhâlding docht foar ien of mear ûndernimmings of partikulieren. De term boekhâlder wurdt ornaris lykslein mei accountant, mar yn 'e praktyk is der in ferskil yn funksje: in boekhâlder beheint him ta gearstallend wurk, wylst in accountant wetlik machtige is om in ferklearring ôf te lizzen oangeande de betrouberheid fan 'e sammele gegevens. Kontrôleplichtige bedriuwen en ynstallings binne ferplichte om in accountantsferklearring oan 'e Belestingtsjinst (en soms oan oare belanghawwenden) oer te langjen, mar in boekhâlder mei sa'n ferklearring net ôfjaan. Oars sein: in accountant mei alle wurk dwaan dat in boekhâlder docht mei noch wat deropta, mar in boekhâlder mei net alle wurk dwaan dat in accountant docht.

It wurk fan in boekhâlder omfiemet yn 'e regel it boeken en ferwurkjen fan alle gegevens, debiteurebehear en krediteurebetellings, mar dêrnjonken ek it opstellen fan rapportaazjes en it ferrjochtsjen fan 'e measte belestingoanjeften. By gruttere bedriuwen wurdt sok wurk faak dien troch in fiskaal jurist of útbestege oan in belestingadviseur. By lytsere bedriuwen wurdt de hiele administraasje faak byholden troch ien persoan.

Yn Nederlân hawwe boekhâlders trochstings in diploma op MBO- of HBO-nivo, as administrateur, resp. bachelor. Oare typyske diploma's foar boekhâlders binne de Assosjaasjediploma's Praktykdiploma Boekhâlden en Moderne Bedriuwsadministraasje. Mei't de titel lykwols gjin wetlike beskerming genietet, mei yn prinsipe elkenien him in boekhâlder neame. Dat yn tsjinstelling ta accountants, dy't registrearre binne yn in iepenbier register en har hawwe te hâlden oan gedrachs- en beropsregels. Boppedat binne accountants ferplichte om har oanhâldend byskoalje te litten, wylst boekhâlders net sa'n ferplichting hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.