RONO
RONO: Regionale Omrop Noard en East.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekomrop foar Grinslân, Fryslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân. Yn de fyftiger en sechtiger jierren waard der mear regionalisearre. De stjoertiid kaam fan 4 oere en 20 minuten op 9 oere en 20 minuten. Yn Ljouwert kaam in studio. De sintrale studio yn de Prinsetún yn Grins waard fergrutte en ferbettere. De ûntfangst yn Fryslân waard in stik better troch de FM-stjoerder yn Jirnsum (1956). Yn 1960 krige men tastimming fan de minister fan CRM foar in regionaal programma fan alle dagen teminsten ien oere en maksimaal twa oeren deis. By enkêtes yn 1966 en 1973 die bliken dat der in soad harkers wiene. Yn 1978 waard de RONO yn trije regionale omroppen splitst: Radio Fryslân en Radio Noard (foar Grinslân en Drinte) en Radio East (foar Gelderlân en Oerisel).
Programma’s
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren 60 wie de Fryske RONO-útstjoering hielendal opdield yn lytse partsjes. De Fryske útstjoering begûn meastentiids mei it berneprogram, (mei Jant Visser-Bakker en Ria Postma Stolk) dêrnei wiene der allegearre rubriken.
- "Wy binne Jong",
- "It Boerelibben by âlds" (troch Marten Casteleijn)
- "Op 'e romte" (lânbouprogramma)
- "Sportpraatsje" (fan Liuwe Pietersen)
- "Twentwirre",
- "Letterlape" mei Tiny Mulder
- "Prik" in jongereinprogram dêr't Klaas Wielenga (doe redakteur by de Friese Koerier) en Ypke Gietema (studint yn Grins) oan meidiene.
- "Stikelstekke" , satiryske programma mei teksten fan Fedde Schurer, Rink van der Velde en Martin van Amerongen.
- harkspullen ( mei Jehannes Spyksma)
- "Thomas Taktyk"
- muzyk
- "Fryske Hitparade" (mei Hans Funcke en Lotty Timmer, de mem fan Mirjam Timmer).
- "Beat yn de beammen" Fryske beatbands kamen nei de nije studio. ( "Fabulous Beats" en "The Unbeatable")
- "Sjonge en spylje" (hafabra)
- "Tsjerkenijs"
- "RONO Deiboek"
- berneprogramma’s
- "De Hymphamp"
- "Frij Pik"
- "Twentwirre"
- "Dûbel of neat (kwis)
- "Frysk en Akademysk"
- "Oer de Hage"
- "Doarpsmikrofony"
- "De Koperen Tún" (bestiet no noch as radioprogramma)
- "Efkes lins efkes lêze" (boekbesprekking).
- Plonderpûde ( maatskippijkritysk programma fan Durk van der Ploeg )
Meiwurkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iet van der Tol
- Doet Visser
- Johan van der Zee
- haden fan de RONO:
- Jo Smit ( 1952-1959)
- G.A.G. Meerburg (1959-1961)
- Derk Jan Klompsma (1961-1965)
- A.M.van der Veen (1965 - ?)