Springe nei ynhâld

Johan van der Zee

Ut Wikipedy

Johan van der Zee (Stiens, 17 maaie 1942 - Ljouwert, 26 oktober 2018) wie in Frysk sjoernalist.

Hy begûn nei syn HBS- en tsjinsttiid by de RONO, earst yn Grins en letter yn Ljouwert. Hy wurke dêrnei fan 1968 oant 2004 by it telefyzjeprogramma Van Gewest tot Gewest foar de regio Noard-Nederlân. Syn opdracht wie om Fryslân mei safolle mooglik fariaasje yn byld te bringen op in manier dy't ek foar oare Nederlanner nijsgjirrich is. Syn earste reportaazje gie oer korps "Het Heidebloempje" fan De Harkema dat op it Holland Festival spile. Sûnt de direkteur fan de stifting Skylgeralân Betsen Stienstra wegere om syn Frysk te ferbrekken, omdat Johan ommers ek Frysk prate, waard der oansluten by de taal fan de minsken dêr't mei praten waard. It Frysk waard dan ûndertitele yn it Nederlânsk.

Nei Van Gewest tot Gewest hie er ûnder oare in radiokollumn by Omrop Fryslân. De lêst jierren makke Van der Zee mei Eelke Lok it programma Gewest Fryslân foar de Omrop dêr't er yn weromseach op syn moaiste reportaazjes foar Van Gewest tot Gewest.

Van der Zee wenne de lêste jierren fan syn libben yn Ljouwert. Dêr is er ek ferstoarn yn de âldens fan 76 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: