Springe nei ynhâld

Fryske útstjoering

Ut Wikipedy

De Fryske útstjoering hinget gear mei de gewestlike disintralisaasje wêrnei't binnen de RONO stribbe waard, hat de útstjoering in wichtiger plak krigen. Fan ien oere yn de wike kaam men fia twa kear 40 minuten op seis kear 30 minuten yn de wike. Utsein sneintejûns wie der alle dagen in úststjoering. Op 1 jannewaris 1969 krige de stêf in eigen ûnderkommen by de yn 1964 iepene helpstudio yn de Prinsetún fan Ljouwert. Einredakteur waard doe Heinze Bakker as opfolger fan drs. Douwe van Dam.

Begjin 1975 folge Klaas Wielinga de yn 1974 opstapte Heinze Bakker op as einredakteur. Troch de útwreiding fan de mooglikheden hat se in eigen plak ferovere yn it kulturele, sosjale en sportive libben yn Fryslân. Kabaret, muzyk, literatuer, ûnderwiis en typysk Fryske sporten binne dêrrtroch stimulearre en begelieden. Boppedat waard dêrtroch omtinken jûn oan pleatslike ûntwikkelings yn benammen Ljouwert en Drachten. Yn de programma's wurdt benammen eftergrûnynformaasje jûn; in bulte aktiviteiten wurde behannele yn it RONO-radiosjoernaal, dêr't de Fryske redaksje oan meiwurket.

Nei de útwreiding fan de telefyzjestjoertiid nei betider op 'e jûn, is fan ferskillende kanten oansitten op it mooglik meitsjen fan Fryske útstjoerings op oare tiden as tusken healwei sânen en sân oere.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: