Omrop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In omrop is in organisaasje dy't as doel hat om op 'e radio en/of de tillefyzje útstjoerings te fersoargjen fan radio- en/of tillefyzjeprogramma's dy't faak ek troch de omrop sels produsearre wurde. Dêrby dielt in omrop yn 'e strikte sin ien of mear radiokanalen en/of tillefyzjekanalen mei ien of mear oare omroppen. Wat dat oangiet, moatte omroppen ûnderskaat wurde fan radiostasjons en tillefyzjestasjons, dy't it allinnichrjocht oer ien of mear kanalen hawwe. As wurd is 'omrop' ôflaat fan 'e eardere steds- of doarpsomropper, in persoan dy't troch doarp of stêd gie om fysyk berjochten fan algemien belang om te roppen.

Omroppen binne histoarysk ûntstien út 'e ferpyldering fan 'e Nederlânske maatskippij. Alle pylders moasten in eigen politike partij hawwe, in eigen fakbûn, in eigen frouljusorganisaasje, in eigen jongereinorganisaasje, en gean sa mar troch. Dêr hearde ek in eigen omrop by. Sa betsjinne de NCRV de otterdokse protestanten, de VPRO de frijsinnige protestanten, de KRO de roomsen, de AVRO de liberalen en de VARA de sosjalisten. Omroppen dy't der letter bykamen, feroveren binne it bestel in eigen plakje, lykas de TROS, dy't boargerlike sekulieren fertsjintwurdige dy't har net mei de liberale pylder ferbûn fielden; de EO, dy't de 'swiere' evangelyske protestanten fertsjintwurdige; Veronica, dat in grut part fan 'e jongerein oan him wist te binen (in nys dy't letter oernommen waard troch BNN); en Omrop MAX, dy't him op 'e âlderein rjochte.

Al dy omroppen binne saneamde publike omroppen, wat betsjut dat se net inkeld finansierd waarden út 'e kontribúsjes fan 'e leden, mar ek út belestingjild fan 'e oerheid. Mei-inoar foarmen se it saneamde publike bestel, dat letter omfoarme waard ta de Nederlânske Publike Omrop. Foar de publike omroppen oer steane sûnt de ein fan 'e 1980-er jierren de saneamde kommersjele omroppen, dy't net út belestingjild en ledekontribúsjes, mar folslein út reklame-ynkomsten en sponsoring fan programma's besteane. De wichtichste kommersjele omroppen binne RTL4, RTL5, Net5, SBS6, RTL7, RTL8, SBS9 en Veronica. Strikt nommen binne dit lykwols hielendal gjin omroppen, mar tillefyzjestasjons (of mooglik tillefyzjekanalen, ôfhinklik fan hoe't men it krekt sjen wol).

De 'omrop' is in typysk Nederlânsk ferskynsel, dat yn oare lannen net foarkomt. Hoewol't soms ynformeel sprutsen wurdt oer 'de Britske omrop BBC' of 'de Flaamske omrop VRT', giet it dêrby om tillefyzjestjoerders en net om omroppen. Ek it begryp steatsomrop, dat foar û.m. de BBC wol brûkt wurdt, is eins in misse namme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: