1980-er jierren

Ut Wikipedy
1980-er jierren
De Fal fan de Berlynske Muorre yn 1989.
De Fal fan de Berlynske Muorre yn 1989.
<< 1970-er jrn  •  1980-er jrn  •  1990-er jrn >>
1980   •   1981   •   1982   •   1983   •   1984
1985   •   1986   •   1987   •   1988   •   1989

De 1980-er jierren, ek oantsjut as de tachtiger jierren en de jierren ’80, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1981 en duorre it oant en mei 31 desimber 1990, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1980 oant en mei 31 desimber 1989. Dit desennium belibbe in lêste oplibbing fan 'e Kâlde Oarloch foar't dat wrâldwide konflikt belune en tsjin 1990 praktysk ta in ein kaam mei de ûntmanteling fan it Izeren Gerdyn en de Fal fan de Berlynske Muorre. Yn it Midden-Easten kamen ûnder de Earste Intifada de Palestinen yn 'e besette gebieten yn opstân tsjin 'e Israelyske oerhearsking, wylst eastliker de Iraaksk-Iraanske Oarloch frijwol it hiele desennium trochgie. Fierders briek de AIDS-epidemy út, wie der hongersneed yn Etioopje en waard de grûnslach lein foar lettere konflikten, mar tagelyk klaude de wrâldekonomy wer by de wâl op en wie der in soad technologyske foarútgong.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 1980-er jierren wiene it lêste desennium fan 'e Kâlde Oarloch. De konfrontaasje tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny late oer de hiele wrâld ta oarloch en rebûlje, mar benammen yn Afrika en Midden-Amearika. De beide supermachten stipen opstannen yn lannen dy't de bûnsgenoaten fan 'e tsjinpartij wiene. De Angoleeske Boargeroarloch, de Gûatemalteekske Boargeroarloch, de Mozambikaanske Boargeroarloch, de Nikaragûaanske Boargeroarloch, de Salvadoraanske Boargeroarloch, de Súdafrikaanske Grinsoarloch yn Namybje en de striid fan 'e guerriljabeweging Ljochtsjend Paad yn Perû binne guon fan 'e konflikten dy't dêrtroch feroarsake of oanboaze waarden. Sels wie de Sovjet-Uny aktyf behelle yn 'e Russysk-Afgaanske Oarloch, dy't yn 1979 begûn wie en pas yn 1989 einige mei it weromlûken fan 'e lêste Sovjet-soldaten út Afganistan. Underwilens diene de Amerikanen yn 1983 in ynfal yn Grenada, doe't yn dat Karibyske minysteatsje in kommunistysk regear oan 'e macht kaam, bombardearren se yn 1986 Lybje en diene se yn 1989 in ynfal yn Panama.

Geandewei de earste helte fan 'e tachtiger jierren boazen de spannings tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny sterk oan, nei't de Amerikaanske presidint Ronald Reagan it eardere belied fan non-konfrontaasje nei de foddekoer ferwiisde en him folle agressiver opstelde as syn direkte foargongers. De wrâld kaam nuodlike ticht by it útbrekken fan oarloch, mar fan 'e midden fan it desennium ôf belunen de spannings doe't yn 'e Sovjet-Uny Michail Gorbatsjov oan 'e macht kaam, dy't in herfoarmingspolityk fan glasnost ("iepenheid") en perestrojka ("werstrukturearring") úteinsette. Der folgen ferskate topmoetings tusken Reagen en Gorbatsjov, wêrby't ferdraggen sletten waarden dy't de wapenwedrin tusken de supermachten ta in ein brochten. Tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren waard de Kâlde Oarloch yn 'e praktyk frijwol beëinige troch de Fal fan it Izeren Gerdyn, wêrby't de fazalsteaten fan 'e Sovjet-Uny yn East-Jeropa har losmakken fan 'e Russyske oerhearsking. Dat gie mank mei û.m. de Fal fan de Berlynske Muorre yn 'e DDR, de freedsume Ferwielen Revolúsje yn Tsjechoslowakije en tige gewelddiedige Roemeenske Revolúsje yn Roemeenje.

Sovjet-lieder Michail Gorbatsjov (l.) en de Amerikaanske presidint Ronald Reagan (rj.) ûndertekenje it Intermediate-Range Nuclear Forces-ferdrach, op 8 desimber 1987.

Ek los fan 'e Kâlde Oarloch wiene der yn 'e tachtiger jierren gâns konflikten yn 'e wrâld. De Libaneeske Boargeroarloch rûn nei in Israelyske yntervinsje yn 1982 út op 'e Libaneeske Gizelderskrisis, wêrby't tsientallen Westerske gizelders jierrenlang fêstholden waard troch benammen sjiïtyske groepearrings. Oare mânske konflikten yn it Midden-Easten wiene de Earste Intifada, in Palestynske opstân tsjin 'e Israelyske besetting fan it Westjordaanlân en de Gaza-stripe, en de slepende Iraansk-Iraakske Oarloch tusken de buorlannen Iraan en Irak. Oan 'e ein fan it desennium briek yn 'e Kaukasus de Nagorno-Karabachske Oarloch út tusken Armeenje en Azerbeidzjan, wat in foarboade wie fan ferskate oare etnyske konflikten yn dy regio yn 'e 1990-er jierren.

Yn 'e Westerske wrâld waard oan it begjin fan 'e tachtiger jierren de AIDS-epidemy ûnderkend, dêr't tsjin 2013 wrâlwiid nei skatting 39 miljoen minsken oan stoarn wiene. Fermiddens fan wittenskip en polityk rekken fierders yn 'e twadde helte fan it desennium bekend mei de ferskynsels klimaatferoaring en broeikaseffekt. Yn 'e islamityske wrâld ûntjoech it islamisme him yn 'e tachtiger jierren ta in ynfloedrike politike streaming. In soad terroristyske organisaasjes, wêrûnder Al-Qaida, waarden oan 'e ein fan it desennium oprjochte.

In mei in gasmasker tariste soldaat oan it front fan 'e Iraaksk-Iraanske Oarloch.

De 1980-er jierren brochten grutte sosjaal-ekonomyske feroarings fanwegen technologyske foarútgong en in wrâldwide beweging by planekonomysk tinken wei en yn 'e rjochting fan kapitalisme dat de frije leie jûn waard. De opkomst fan 'e kleau tusken earm en ryk, de almar oprinnende skea dy't publike ynstellings sûnt oprûn hawwe troch de gefolgen fan deregulearring, en oanboazjende boom-bust-ynvestearringssykly binne allegearre dêrop werom te fieren, ynklysyf de Bankekrisis fan 2007. Yn 'e 1980-er jierren begûnen multinationals ek foar it earst op grutte skaal harren fabrikaazje-aktiviteiten oer te bringen út 'e Westerske wrâld nei lege-leanelannen, lykas Tailân, Meksiko, Súd-Koreä, Taiwan en Sina. De beide lannen dy't yn dit desennium de grutste ekonomyske groei trochmakken, wiene Japan en West-Dútslân.

Untwikkelingslannen yn ferskate dielen fan 'e wrâld hiene yn 'e tachtiger jierren te kampen mei ekonomyske en sosjale swierrichheden dy't it gefolch wiene fan ûnderskate skuldekrises. In soad fan dy lannen moasten dêrom foar help oanklopje by it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF) en de Wrâldbank. Etioopje makke yn 'e midden fan it desennium, ûnder it korrupte regear fan diktator Mengistu Haile Mariam, in grutte hongersneed troch. It lân rekke fan it bûtenlân ôfhinklik om 'e eigen befolking te fieden, wat oanlieding joech ta ferskate goeddiedichheidsaksjes yn it Westen, mei as bekendste it gelegenheidsensemble Band Aid, dat yn 1984 it nûmer Do They Know It's Christmas? opnaam.

Yn 'e 1980-er jierren waard grutte foarútgong makke op it mêd fan 'e genetika en de digitale technology. Nei jierren fan dierproeven waard yn 1985 de earste genetyske modifikaasje yn tsien folwoeksen minsken trochfierd. De earste poppen wêrfan't yn 't foar op kontroversjele wize it geslacht útkeazen wie, waarden ein 1989 oanmakke yn in laboratoarium, om yn july 1990 berne te wurden. Yn 1985 waard foar it earst in draachmem ynset foar it foldragen fan in poppe fan âlden dy't dat sels net koene. Yn deselde snuorje waard troch kompjûterwittenskippers de grûnslach lein foar it lettere ynternet, sadat der tsjin 1989 in globaal systeem ûntstien wie dat gebrûk makke fan satelliten om in wrâldwiid netwurk te kreëarjen dat neitiid de ynfrastruktuer fan it ynternet wurde soe. De Britske ynformatikus Tim Berners-Lee hie tsjin 1989 it konsept fan it ynternet al hielendal formalisearre.

De Utbarsting fan 'e Mount St. Helens, yn 1980.

Wichtichste foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1980
1981
Reekwolkens boppe de Libaneeske haadstêd Beirût nei de Oanslaggen op de Amerikaanske en Frânske militêre haadkertieren dêre yn 1983.
1982
De Amerikaanske ynfal yn Grenada, yn 1983.
1983
1984
1985
Untploffing fan it Amerikaanske romtefear de Challenger, yn 1986.
1986
Ofbyld:Madonna, Rotterdam, 26-8-1987.jpg
Madonna, de populêrste froulike popartyst út 'e tachtiger jierren.
1987
1988
Demonstranten yn Cluj-Napoca besketten troch de leden fan 'e geheime plysje Securitate, ûnder de bloedige Roemeenske Revolúsje fan 1989.
1989

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.