Springe nei ynhâld

Bomoanslach

Ut Wikipedy
De skea nei in bomoanslach op de Amerikaanske loftmachtbasis yn Ramstein troch de RAF yn 1981

In bomoanslach is in misdriuw yn 'e foarm fan oanslach wêrby't mei in terroristysk eachmerk eksplosiven ynset wurde. Mear spesifyk wurdt dêrby besocht om ien of mear minsken te fermoardzjen of te ferwûnjen of objekten te skansearjen of te ferneatigjen troch in bom ôfgean te litten. Der binne ferskate manearen om soks te dwaan, bygelyks troch in autobom, in bermbom of in selsmoardoanslach troch immen dy't in bomgurdle draacht.

Bomoanslaggen binne in middel dat faak brûkt wurdt troch terroristyske organisaasjes om in beskaat doel te beävensearjen. Faak wurde symboalyske plakken of gebouwen útsocht om in oanslach op te dwaan. Ek komt it foar dat mei opsetsin in plak útkeazen wurdt dêr't in protte minsken gearkomme, lykas in moskee op 'e tiid fan it freedsgebed, in tsjerke as der in earetsjinst holden wurdt, of in winkelsintrum as der in protte klanten binne, bgl. yn 'e oanrin nei de kryst. In bomoanslach kin ek de foarm hawwe fan in moardoanslach; dan is de oanslach rjochte op ien of inkele spesifike persoanen en net op willekeurige oanwêzigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Lähteet, op dizze side.