Terrorisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Terrorist)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
United Airlines-flecht 175 fljocht yn 'e Sudertoer fan it World Trade Center by de terroristyske oanslaggen fan 9/11 yn 2001 New York.

Terrorisme is it opsetlik brûken fan geweld, sûnder ûnderskie te meitsjen wa't dêr it slachtoffer fan wurdt, om sa eangst ûnder de bredere befolking te feroarsaakjen en dêrtroch in polityk, religieus of ideologysk doel te berikken. Immen dy't soks docht, is in terrorist. De term 'terrorisme' is ôflaat fan it Latynske wurd terror, dat "skrik" of "eangst" betsjut. 'Terrorisme' en 'terrorist' waarden foar it earst brûkt yn 1793 yn Frankryk foar de Jakobinen, de oanhingers fan Maximilien Robespierre, dy't oan it haad stie fan in rezjym dat bekend stie as it Skrikbewâld. Yn 'e tweintichste iuw krigen de termen har hjoeddeistige betsjutting en ferspraten se har út it Frânsk nei de measte oare Westerske talen.

Tsjintwurdich wurdt terrorisme as oantsjutting benammen tapast as it giet om geweld yn fredestiid of om geweld tsjin non-kombatanten (lykas boargers of medysk personiel) yn oarlochssitewaasjes. Der bestiet lykwols gjin universele konsensus oft terrorisme op himsels al in oarlochsmisdie of in misdie tsjin 'e minsklikheid is. 'Terrorisme' is in tige beladen term, dêr't yn besletten leit dat de dieders har net hâlde oan 'e gongbere noarmen en wearden en dat se dêrom ferachtlik binne. De term wurdt tsjintwurdich lykwols gauris brûkt, benammen troch diktatoriale rezjyms, mar soms ek troch demokratysk keazen regearings, om opposysjegroepen of sels minskerjochte-organisaasjes mei te besmodzgjen en sa bûtenspul te setten.

Inkele bekende terroristyske organisaasjes (en de doelen dy't se mei har terrorisme besykje of besochten te berikken) binne: de ETA (ûnôfhinklikheid fan Baskelân), Hamas (ûnôfhinklikheid fan Palestina en weromjefte fan alteast dielen fan Israel), de IRA (ienwurding fan Ierlân en Noard-Ierlân), Al-Qaida (fêstiging fan in islamistyske wrâldsteat), I.S (fêstiging fan in islamistyske wrâldsteat), de Ku Klux Klan (oerhearsking troch de protestantske blanken fan alle oare etnyske en religieuze groepen yn 'e Feriene Steaten), it Ljochtsjend Paad (fêstiging fan in maoïstysk rezjym yn Perû), de Reade Brigades (fêstiging fan in kommunistysk rezjym yn Itaalje) en de Rote Armee Fraktion (fêstiging fan in kommunistysk rezjym yn West-Dútslân).

Terroristen hoege lykwols net ta organisaasjes te hearren. It komt ek gauris foar dat sokken lykme-allinne op eigen manneboet operearje. Njonken terrorisme fan organisaasjes en yndividuën bestiet der ek steatsterrorisme, dat útgiet fan 'e oerheid fan in steat. Soks komt almeast foar yn diktatueren en gebieten dy't ûnder militêre besetting steane. Steatsponsore terrorisme is it finansieren fan in terroristyske organisaasje yn it iene lân troch troch de oerheid fan in oar lân. Kwasy-terrorisme is it brûken fan terroristyske taktiken (ornaris troch kriminelen) om in doel te berikken dat net polityk, religieus of ideologysk fan aard is. Men kin dan tinke oan it mei grou geweld útfieren fan in bankberôving of in oerfal op in juwelierssaak. Djihadisme is terrorisme út it eachpunt fan islamisme. Ekoterrorisme is in foarm fan terrorisme wêrby't òf it miljeu bedrige wurdt, òf gebrûk makke wurdt fan terrorisme om miljeubeskerming te ûnderstypjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.