Iersk Republikeinsk Leger

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
IRA strieders yn 1920-21

De Irish Republican Army (IRA) (Iersk: Óglaigh na hÉireann), it Iersk Republikeinsk Leger, wie in Ierske republikeinske revolúsjonêre organisaasje. It ûntstie út de Irish Volunteers, in organisaasje stichte op 25 novimber 1913 en dy't bekend wurden is fan de Peaske-opstân yn april 1916. Yn 1919, doe't de Ierske Republyk formeel ûntstie, waarden de Irish Volunteers sjoen as it legitime leger fan Ierlân. In part fan dy organisaasje wie it der net mei iens dat Noard-Ierlân ûnderdiel bliuwe soe fan Grut-Brittanje en begon in guerriljakriich sjin dat beslút. Oant en mei 1969 sette de IRA doe mei in militêre kampanje yn de Ierske Republyk en Noard-Ierlân útein, mar fral tsjin it Britske leger. Yn 1969 fûn der in splitsing plak yn de organisaasje, wêrtroch de Original IRA en de Provisional Irish Republican Army ûntstiene.