Olof Palme

Ut Wikipedy
Olof Palme
politikus
Olof Palme (1974)
Olof Palme (1974)
echte namme Sven Olof Joachim Palme
nasjonaliteit Sweedsk
bertedatum 30 jannewaris 1927
berteplak Stockholm
stjerdatum 28 febrewaris 1986
stjerplak Stockholm
partij sosjaal-demokraten
Premier fan Sweden
amtsperioade 1969-1976
foargonger Tage Erlander
opfolger Thorbjörn Fälldin

Sven Olof Joachim Palme (Stockholm, 30 jannewaris 1927 - dêre, 28 febrewaris 1986) wie in Sweedsk politikus. Hy wie lieder fan de Sweedske Sosjaal-demokratyske Partij (Socialdemokratiska arbetarepartiet) en twa kear premier fan Sweden, earst fan 1969 oant 1976, de twadde kear fan 1982 oant it stuit dat er yn Stockholm (1986) fermoarde waard.

Libben en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Palme waard yn Stockholm berne en grutbrocht yn de begoedige wyk Östermalm. Hy kaam út in 'upper-class'-húshâlding. Nettsjinsteande dat waard er sosjalist. Dat kaam omdat er yn syn studintetiid as in soartemint fan wurdfierder troch hiel Jeropa teach.

Hy studearre yn 1947-1948 oan it Kenyon College yn Ohio (Feriene Steaten) en wie in jier letter ôfstudearre. Ynspirearre troch de protte debatten dy't er fierd hie, skreau er in krityske skripsje oer The Road to Serfdom fan Friedrich Hayek. Nei ferskate rûnreizen troch de Feriene Steaten gie er nei Sweden werom om oan de universiteit fan Stockholm fierder te studearjen. Yn dy tiid waard er ek polityk aktyf doe't er him by de Sweedske Uny fan Studinten ynskreau. Yn 1952 waard er ta foarsitter fan dy ferieniging keazen. Syn fakânsjes fierde er op it foar bûtenlanners ferbeane eilantsje Fårö.

Palme joech sels trije reden wêrom't er sosjalist wurden wie.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1953 waard Palme troch de sosjaal-demokratyske premier Tage Erlander ûntdutsen. Hy frege Palme om op syn sekretariaat te wurkjen. Yn 1955 krige Palme in sit yn it bestjoer fan de partij en yn 1958 waard er troch de ferkiezings yn it parlemint keazen.

Olof Palme hat in protte posten beset yn it regear fan Sweden. Yn 1967 wied er minister fan ûnderwiis, hy wie fraksjelieder fan de sosjaaldemokraten yn it parlemint en waard lang om let premier fan Sweden.

Dat amt besette er 125 moanne. Nei syn ûnferwachte dea waard er oer de hiele wrâld ien fan de bekendste Sweedske politisy, njonken Raoul Wallenberg en Dag Hammarskjöld.

Omstriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Palme as politikus wie in striidkwestje. Hy hie fûle krityk op de rol fan de Feriene Steaten yn de Fietnamoarloch. Ek stried er tsjin de oanwaaks fan nukleêre wapens, de apartheid yn Súd-Afrika en de finansjele malêze yn Afrika. Om sjen te litten dat er goedwillich foar eltsenien yn de wrâld oer stie, gie er yn debat mei ûnder oaren Fidel Castro.

Loftse oanhingers fan sines hiene mei in protte fijannigens fan rjochts Sweden te krijen. Yn it tiidrek foar syn dea waard Palme fan pro-Sowjet-gedrach beskuldige. Hy soe de Sweedske belangen net goed behertige hawwe. Om dy reden wienen der al ôfspraken makke om nei Moskou te gean om ûnder oaren oer de yllegale Sowjetdûkboaten yn Sweedske wetters te praten.

Moard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moard op Olof Palme waard begien op 28 febrewaris 1986. Olof Palme ferskynde yn it iepenbier in protte sûnder liifwachten; op de jûn fan de moard wie dat net oars. Tegearre mei syn frou Lisbet wied er ûnderweis nei hûs fan de bioskoop oan de Sveavägenstrjitte yn it sintrum fan Stockholm. Midden yn de nacht waard it pear oanfallen troch in man mei in pistoal. Palme waard twa kear yn it liif (de bûk) rekke, syn frou rekke oan de rêch ferwûne. Yn de rin fan de tiid hawwe goed 130 minsken de ferantwurdlikens foar de moard opeaske. Yn 1989 like it derop dat de saak oplost wie doe't de Sweed Christer Pettersson dêrfoar feroardield waard, mar dy waard yn heger berop frijsprutsen.
Op 10 juny 2020 makke it Sweedske iepenbier ministearje buorkundich dat der "ridlik bewiis" wie dat Stig Engström (1934-2000) Palme fermoarde hie. Meidat Engström himsels yn 2000 tekoart dien hie, kundigen de autoriteiten oan it ûndersyk nei de dea fan Palme fierders gewurde te litten om't er net mear oanklage wurde koe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Olof Palme fan Wikimedia Commons.