Springe nei ynhâld

Hongersneed

Ut Wikipedy
Slachtoffers fan 'e Grutte Yndyske Hongersneed fan 1876-1878.

In hongersneed is in ramp yn 'e foarm fan 'e wiidfersprate krapte fan iten yn it beskate geografyske regio, mei as gefolch in groanyske tastân fan honger by de befolking. Soks liedt earst ta malnutrysje, in steat wêryn't men noch wol genôch te iten hat, mar fanwegen de iensidigens fan jins menu net mear foldwaande essinsjele fiedingsstoffen binnenkriget. Dêrnei folget ûnderfieding, wêrby't men net mear genôch te iten hat, mar noch wol wàt kriget. As úteinlik alle iten op is, kulminearret hongersneed foar de slachtoffers yn 'e dea troch ferhongering.

Oarsaken fan hongersneed kinne klimatologysk wêze: in lange perioade fan drûchte of krekt fan oerfloedige delslach, dêr't ien of mear rispingen efterinoar troch mislearje. Oare mooglike oarsaken binne minsklik fan aard: oerbefolking, oarloch of falend oerheidsbelied. Ek in sitewaasje fan djippe earmoede kin deroan bydrage. Hongersneed hat histoarysk laat ta gefallen fan kannibalisme yn maatskippijen dêr't dat ferskynsel oars taboe is (lykas yn Midsiuwsk Jeropa).

Tsjintwurdich komt hongersneed benammen foar yn Afrika besuden de Sahara, en yn 't bysûnder yn 'e Hoarn fan Afrika. Mar histoarysk hat elts troch minsken bewenne wrâlddiel wol perioaden fan hongersneed trochmakke. Yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw stiene benammen Súd- en East-Aazje en East-Jeropa deroan bleat. Fan likernôch 2000 ôf begûn it tal minsken dat elts jier wrâldwiid troch hongersneed omkaam, skerp omleech te gean. Anno 2019 is hongersneed benammen in probleem yn Jemen, Súd-Sûdaan en Nigearia (troch oarloch) en fierders yn Somaalje (troch oarloch en drûchte), Etioopje (drûchte) en Mozambyk (oerstreamings). De ynternasjonale bestriding fan 'e gefolgen fan hongersneed wurdt fierhinne koördinearre troch it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.

Foarbylden fan hongersneden binne:

In wrâldkaart mei dêrop oanjûn it persintaazje minsken dat per lân oan ûnderfieding lijt (2013).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.