Springe nei ynhâld

Wraak

Ut Wikipedy
De persofiëarre Rjochtfeardichheid en Wraak ferfolgje de Misdie, op in skilderij fan Pierre-Paul Prud'hon.

Wraak is in primitive foarm fan it ta stân bringen fan in gefoelsmjittige gerjochtichheid foar oandien ûnrjocht of leed, dy't troch priveepersoanen útfierd wurdt bûten de wet en it rjocht om, en it tabringen fan letsel oan ien of mear oare persoanen omfiemet. Soks kin foarkomme yn sitewaasjes of maatskippijen dêr't gjin (funksjonearjend) rjochtssysteem bestiet, mar it komt ek wol foar as dat wis wol bestiet, mar immen fielt dat him of har ûnder dat systeem gjin rjochtdien is, bygelyks om't de dieder fan in misdriuw foar syn of har gefoel in fiersten te lege straf krigen hat of sels frijsprutsen is fanwegen gebrek oan bewiis. Wraak moat ûnderskaat wurde fan ferjilding, dat oars as wraak wol deeglik diel útmakket fan it rjochtssysteem en ien fan 'e basisprinsipes foarmet foar bestraffing fan misdiedigers. Yn funksjonearjende rjochtssystemen hat de oerheid it allinnerjocht op ferjilding.

De emoasje dy't oan wraak t'en grûnslach leit, is wraaksucht. Dy emoasje wurdt troch guon beskôge as ûnfoech om't er net rasjoneel wêze soe. Oaren sjogge wraaksucht lykwols as in oerâlde minsklike reäksje op oandien ûnrjocht (ferlykje de ferneamde bibelske passaazje "each om each, tosk om tosk"). Likegoed is wraaksucht in gefaarlike emoasje, dy't gauris in obsesje wurde kin en de wraaknimmer likegoed ferdylget as dejingen op wa't hy of sy wraak nimme wol. Yn it strafrjocht wurdt wraak sjoen as ûntalitber en in foarm fan figilantisme (it rjocht yn eigen hân nimmen). It prinsipe fan wraak, nammentlik it feroarsaakjen fan ekstra ûnrjocht of leed by de dieder fan earder ûnrjocht of leed, wurdt yn it strafrjocht net akseptearre, en wraaknimmers sille sadwaande yn 'e regel ek net ûntsjoen wurde by de ferfolging foar de misdriuwen dy't se as ûnderdiel fan harren wraak begien hawwe. In ferneamd literêr wurk dat giet oer wraak en wraaksucht is de roman De Greve fan Monte-Cristo (1844), fan 'e Frânske skriuwer Alexandre Dumas.

Spesjale foarmen fan wraak binne bloedwraak en earwraak. By bloedwraak reitsje twa (of mear) famyljes of oare maatskiplike groepen deilis om tabrocht ûnrjocht of leed. Soks begjint faak mei in lytse mislediging, mar kin útgroeie ta in deilisskip dy't generaasjes lang oanhâldt. Faak draait it út op moard en wjermoard, wêrby't foar eltse moard troch de iene groep wraak nommen wurdt mei in moard troch de oare groep, sadat de fete oant yn it ûneinige oan 'e gong holden wurdt. Lannen dy't histoarysk (en yn beheinde mjitte noch wol) om sokke bloedwraak of fendetta's bekend stiene, binne û.o. Korsika en Albaanje. By earwraak draait it om it weinimmen fan gesichtsferlies of in as sadanich beskôge famyljeskande, wêrby't faak it slachtoffer fan in earder misdriuw, lykas in ferkrêfte frou, troch har eigen famylje om hals brocht wurdt om 'e "skande út te wiskjen". Soks komt in protte foar yn lannen as Pakistan en Afganistan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.