Trettjinde Alvestêdetocht
De Trettjinde Alvestêdetocht waard op 21 febrewaris 1985 ferriden. 22 jier nei de lêste Alvestêdetocht yn 1963 koenen de redens wer ûnderbûn wurde. De tocht waard bekendmakke troch de foarsitter fan de Feriening fan de fryske Alvestêden, Jan Sipkema, yn it earste jier fan syn oantreden. Evert van Benthem wist nei in einsprint mei Jan Kooiman, Jos Niesten en Henri Ruitenberg mei inkele desimeters ferskil te winnen. Hy fêstige ek in nij Alvestêderekord yn 6 oere en 47 minuten. Lenie van der Hoorn wûn by de froulju. 16179 tochtriders en 276 wedstriidriders besochten it felbegearde krúske te heljen.
Op 20 jannewaris 1985 waard de Alvestêdetocht ynearsten ôflast. Doe folge in nije froastperioade, wêrtroch't de Alvestêdetocht in moanne letter dochs ferriden wurde koe.[1]
Profvoetballer John Weijers fan Telstar wie de ienige proffuotballer dy't him útried. De folgjende dei waard Weijers skorst troch syn club[2].
Utslach manlju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Positie | Namme | Wenplak | Tijd |
---|---|---|---|
1 | Evert van Benthem | Sint Jansklooster | 6.47.44 |
2 | Henri Ruitenberg | Oldebroek | 6.47.44 |
3 | Jos Niesten | Heemskerk | 6.47.44 |
4 | Jan Kooiman | Ammerstol | 6.47.44 |
5 | Teun Busser | Utert | 6.49.10 |
6 | Wim Westerveld | Eemnes | 6.49.12 |
7 | Albert Bakker | Grins | 6.49.18 |
8 | Anne Posthumus | Lutjegast | 6.49.19 |
9 | Wim Vos | Kockengen | 6.49.27 |
10 | Dries van Wijhe | Oosterwolde | 6.49.29 |
Utslach froulju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Positie | Namme | Wenplak | Tijd |
---|---|---|---|
1 | Lenie van der Hoorn | Ter Aar | 7:33.58 |
2 | Betty Westerveld | ||
3 | Ineke Kooiman |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|