Springe nei ynhâld

Kameraman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kameralju)
In kameraman oan it wurk.

In kameraman of kamerafrou is immen dy't in filmkamera of fideokamera betsjinnet, mei as doel om bewegende bylden fêst te lizzen foar film of tillefyzje. As de opnames plakfine yn 'e tillefyzjestudio, rêste de kamera's faak op spesjaal dêrfoar ûntwurpen en ferrydbere standerts, mar as der bûtendoar of op lokaasje filme wurdt, dan drage kameralju de kamera yn 'e regel op it skouder.

Yn Nederlân kin men in oplieding ta kamerman of -frou folgje oan 'e Nederlânske Film en Telefyzje Akademy te Amsterdam. Dêrnjonken binne der ferskate opliedings op MBO-nivo, bygelyks yn Drachten, Ede, Swol, Hearlen en Eindhoven. Ek besteande der ferskate partikuliere opliedings. Yn 'e praktyk komt it lykwols faak foar dat kameralju op 'e film- of tillefyzjeset ûnderoan begjinne (as helpke) en har ûnder begelieding fan âldere kameralju mei ûnderfining dan stadichoan it fak master meitsje. Om't fral filmkamera's in flink gewicht hawwe, is kameraman wêzen in fysyk swier berop. In protte âldere kameralju ûntjouwe har dêrom meitiid ta filmeditor of regisseur.

By gruttere produksjes (bgl. spylfilms) besteane der mank de kameralju ferskate funksjes:

  • de kameraregisseur of director of photography is koartsein de "haadkameraman", dy't de lieding oer de technyske kant fan it filmjen (de kamerarezjy) hat;
  • in lighting-kamerman is immen dy't behalven foar syn eigen opnamen ek ferantwurdlik is foar de beljochting fan 'e set;
  • in camera operator, koartwei operator, is immen dy't ien fan 'e kamera's betsjinnet (oftewol de tradisjonele kameraman);
  • in kamera-assistint of camera assistent soarget foar de assimblaazje fan 'e kamera (de goede lins, it goede filter, ensfh.);
  • in focus puller past de skerpte oan neigeraden dat de ôfstân fan 'e akteurs ta de lins feroaret;
  • in clapper/loader soarget dat der film yn 'e kamera sit en jout de begjin- en einklap fan 'e opname;
  • in gripper soarget derfoar dat de kamera op in statyf of dolly pleatst wurdt en draacht teffens soarch foar it ferpleatsen fan 'e kamera oer lytsere of gruttere ôfstannen en de montaazje fan it ark as dat foar in reis útinoar helle wurde moast; ek is hy ferantwurdlik foar it befêstigjen fan 'e kamera op bewegende dingen lykas in auto of in helikopter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.