Springe nei ynhâld

Tolhúster Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Tolhúster Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Tolhúster Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
De rûte fan 'e Tolhúster Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 28 febrewaris 1929
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch 3 Ljouwerter horeka-
   ûndernimmers
winner(s) Marten van der Kooij
Ype Smid
winnende tiid 10:32 oeren
tal dielnimmers 49

De Tolhúster Alvestêdetocht wie in ûnoffisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 28 febrewaris 1929. De tocht waard wûn troch Marten van der Kooij en Ype Smid, beiden út Hylpen.

De winter fan 1928 op 1929 wie tige kâld. Op 12 febrewaris 1929 koe sadwaande mei strange froast de Fjirde Alvestêdetocht holden wurde, dy't organisearre waard troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. Winner wie Karst Leemburg út Ljouwert, mei in tiid fan 11 oeren en 9 minuten. Neitiid frear it noch lang troch. Fjirtjin dagen letter besleaten trije Ljouwerter kafeehâlders sadwaande om nochris in Alvestêdetocht te hâlden. Om't de start by Kafee It Tolhûs oan 'e Grinzerstrjitwei wie, kaam dizze ûnoffisjele tocht de Tolhúster Alvestêdetocht te hjitten. De Feriening De Fryske Alve Stêden hie part noch diel oan dit barren.

De Tolhúster Alvestêdetocht waard mei ideaal waar ferriden op 28 febrewaris 1929 en folge fierhinne deselde rûte as de Fjirde Alvestêdetocht, dy't twa wiken en twa dagen earder holden wie. Dat wol sizze dat de rûte tsjin 'e klok yn riden waard, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum. Der wie nea earder in Alvestêdetocht sa let yn it jier ferriden, mar de tocht gie in stik soepelder as de offisjele.

Der diene mar 48 manlju en ien frou oan 'e tocht mei. Winners wiene Marten van der Kooij en Ype Smid, beiden út Hylpen, dy't oer de einstreek kamen mei in tiid fan 10 oeren en 32 minuten. Dat wie 37 minuten flugger as Karst Leemburg, de winner fan 'e Fjirde Alvestêdetocht, goed twa wiken earder finisht wie. Tredde waard Andele Swierstra út Poppenwier. Fan 'e 49 dielnimmers rieden 44 de tocht út.

De organisators wiene sa optein oer de tocht dat se in wike letter, yn maart, alwer in Alvestêdetocht hâlde woene. Dat plan seagen se lykwols fan ôf nei in petear mei Mindert Hepkema, de foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht