Tsiende Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Tsiende Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Tsiende Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e Tsiende Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 3 febrewaris 1954
evenemint Alvestêdetocht
edysje 10
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Jeen van den Berg
winnende tiid 7:35 oeren
tal dielnimmers 138 wedstrydriders
2.597 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Tsiende Alvestêdetocht wie de tsiende offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 3 febrewaris 1954. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner wie Jeen van den Berg út Nij Beets mei in tiid fan 7 oeren en 35 minuten.

Profesjonalisearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Njoggende Alvestêdetocht fan 1947 krige it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden sa njonkelytsen foar it ferstân dat de Alvestêdetocht útwoeksen wie fan amateursportbarren ta in evenemint fan nasjonaal belang. Net allinne de groeiende populariteit fan 'e tocht spile by dat besef in rol, mar ek de frauduleus ferrûne Njoggende Alvestêdetocht. It bestjoer kaam mei maatregels, sadat sokke wantastannen net op 'e nij foarkomme kinne soene. Sa waarden der oan 'e rûte trije geheime (d.w.s. net oankundige) stimpelposten tusken de stêden yn tafoege ta kontrôle op it ferriden fan 'e hiele Alvestêdetocht troch de dielnimmers. Ek waarden de statuten oanpast en waard besletten dat der tenei strang op 'e letter fan 'e regels hanthavene wurde soe. Wylst men foarhinne wolris de hân oer it hert strutsen hie troch in rider dochs in Alvestêdekrúske ta te partsjen wylst hy of sy de tocht net alhiel útriden hie, wie dat fan no ôf oan net mear mooglik.

Organisaasje en omstannichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan 'e tanimmende profesjonalisearring fan 'e Alvestêdetocht waarden yn 'e simmer al draaiboeken yninoar set foar de organisaasje fan 'e folgjende edysje, wêrnei't men inkeld noch genôch froast brek wie om 'e tocht trochgean te litten. De earstfolgjende seis winters nei 1947 wie dy der net. Mar yn jannewaris 1954 foel yn 'e nacht fan 'e 22e op 'e 23e hommels de winter yn. De dagen dêrnei boaze de froast oan wylst der in krêftige, soms hurde eastenwyn opstiek. Nei in pear dagen mei wat minder wyn kaam de kjeld op 1 febrewaris oansterke werom mei yn 'e nachten strange en oerdeis tuskenbeiden froast. De eastewyn bleau frij krêftich, mei wynkrêft 5.

It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden begûn te risselwearjen foar de Tsiende Alvestêdetocht, dy't foar 3 febrewaris útskreaun waard. Mar omreden fan 'e barre waarsomstannichheden waard "sneinsriders" ôfret om har yn te skriuwen. Dat waard net inkeld dien troch de organisaasje fan 'e tocht sels, mar ek troch in funksjonaris fan it Ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen (dêr't sport doe ûnder foel). In protte riders dy't oars wol belangstelling foar de tocht hân hiene, lieten dêrom ferstek gean. De jûns fan 2 febrewaris stie der yn Fryslân in krêftige oant hurde eastewyn, wylst de temperatuer sakke oant –11 °C. Dat foarsei net folle goeds, sa wie de algemiene opfetting. Mar de oare moarns hie de wyn him fierhinne deljûn by in temperatuer fan –7 °C. Yn 'e middei soe de temperatuer sels oprinne nei –1 °C. Efternei hiene alle warskôgings dus eins net nedich west.

Wedstryd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e wedstryd diene 138 reedriders mei, dy't om 6.00 oere moarns op 3 febrewaris 1954 ôfsetten by it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert. It duorre lang ear't him in kopgroep foarme: pas by trochkomst yn Sleat wie it peloton útinoar fallen. Foaroan yn 'e wedstryd ried doe in kloft besteande út Jan Charisius fan Ljouwert, Jan W. van der Hoorn fan Ter Aar, Piet Keijzer fan De Lier, Klaas Lefferstra fan Stobbegat, Jeen van den Berg fan Nij Beets, Wierd Wynia fan Koarnwert en Piet Zwart fan Wergea. Dyselden kamen om 7.30 oere yn Sleat troch, wat in kertier flugger wie as it rekôr, dat yn 'e Achtste Alvestêdetocht fan 1942 set wie.

By trochkomst yn Hylpen hiene in stikmannich efterfolgers by de kopgroep oanheakke, en letter slagge dat noch guon, sadat de liederskloft by trochkomst yn Warkum út 21 man bestie, en yn Boalsert út 26 man. Pas deunby Harns, op 'e Harnzerfeart ter hichte fan Kimswert, ûntsnapten party mannen út 'e grutte kopgroep. Dat wiene Van den Berg, Charisius, Lefferstra, Jeen Nauta fan Wergea, Anton Verhoeven fan Dussen en Aad de Koning fan Poarmerein. By trochkomst yn Harns hie dat seistal in foarsprong fan twa minuten op har efterfolgers opboud.

In filmke fan 'e Tsiende Alvestêdetocht yn 1954.

Doe't de seis oanfierders yn Frjentsjer trochkamen, wie harren foarsprong oprûn ta fjouwer minuten. Efter harren hie him ûnderwilens in twadde kloft út 'e eardere kopgroep witten los te meitsjen. Dy bestie út Van der Hoorn, Wynia en Henk Lamberts fan Wageningen, dy't alle war diene om har by de earste seis oan te sluten. Oer it trajekt fan Frjentsjer nei Dokkum, de saneamde 'Hel fan it Noarden', die de kopgroep mar 1 oere en 44 minuten. By harren trochkomst yn Dokkum wie foar eltsenien dúdlik dat it Alvestêdetochtrekôr fan Sietze de Groot út 1942 sneuvelje soe.

Deunby Ljouwert besleat Lefferstra it net op in einsprint oankomme te litten. Hy besocht út 'e kopgroep te ûntsnappen en rûn sa'n 150 m op 'e oare fiif mannen út. Dy wisten him lykwols troch gear te wurkjen wer by te heljen. Mei syn ynspanning hie Lefferstra himsels opblaasd en no koed er it tempo net mear byhâlde en moast er him weromfalle litte. Van den Berg, Charisius, De Koning, Nauta en Verhoeven rieden fiifresom fierder, mar doe't se yn Ljouwert seagen dat de Noarderbrêge ticht wie, rekken se der eefkes ôf om't se net wisten oft se dêr no krûpend ûndertroch of klúnjend omhinne moasten. Van den Berg krige as earste it opstapke nei de wâl yn 'e rekken en stie sadwaande oarekant brêge ek wer as earste op it iis. Hy waard op 'e foet folge troch Verhoeven, dy't him by it ôfstappen op it iis oan 'e trui fêsthold. Charisius stapte op in reid en kaam te fallen.

De oare fjouwer koprinners seagen yn 'e fierte in grut boerd mei it wurd Eindstreep derop. Minder dúdlik waard dêrûnder fermeld: nog 500 meter. Van den Berg en Verhoeven hiene dat net troch en by it passearjen fan it boerd lieten se har útglydzje ûnder it útbringen fan jûchhei. De tûzenen taskôgers op 'e wâl rôpen de riders ta dat se der noch net wiene. Mooglik om't se dat yn it Frysk of it Ljouwertersk diene, krige de Fries Van den Berg as earste syn fersin foar it ferstân en sette wer oan. De Brabanner Verhoeven, dy't mar miende dat er wûn hie, waard ek noch troch Charisius ynhelle ear't er begriep wat der oan 'e hân wie en wer fierder ried. Sadwaande wie it Jeen van den Berg dy't úteinlik as earste oer de echte einstreek kaam, mei in rekôrtiid fan 7 oeren en 35 minuten. Twad waard Aad de Koning, folge troch Charisius, Nauta en Verhoeven.

Lefferstra kaam twa minuten nei Van den Berg oan. Hy wiet syn ferlies deroan dat er tefolle kopwurk foar de oare fiif mannen ferrjochte hie: "Wier, ik haw tefolle dien; dat moat in oare kear oars!" Yn totaal wisten 63 fan 'e 138 wedstrydriders neffens de regels fan 'e wedstryd binnen twa oeren nei de winner de finish te berikken; de oare 75 waarden diskwalifisearre om't se dat net oprêden.

Utslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Jeen van den Berg Nij Beets 7:35
2 Aad de Koning Poarmerein 7:35
3 Jan Charisius Ljouwert 7:35
4 Jeen Nauta Warten 7:36
5 Anton Verhoeven Dussen 7:36
6 Klaas Lefferstra Stobbegat 7:37
7 Wierd Wynia Koarnwert 7:59
8 Henk Lamberts Wageningen 7:59
9 Jan W. van der Hoorn Ter Aar 7:59
10 Piet Zwart Wergea 8:07

Toertocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e toertocht fan 'e Tsiende Alvestêdetocht diene 2.597 riders mei, dy't koart nei de wedstrydriders fan start giene by de Fryslânhal. Fan harren kamen 2.143 foar de limyt fan midsnacht oer de einstreek en wûnen sa it fel begearde Alvestêdekrúske. Foar de froulju bestie yn 1954 noch gjin aparte wedstryd, en se mochten ek net meidwaan oan 'e wedstryd foar manlju, sadat foar harren inkeld dielname oan 'e toertocht oerbleau. Sjoerdtsje Faber fan Wergea kaam as earste frou oer de finish.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht