Springe nei ynhâld

Anton Verhoeven

Ut Wikipedy
Finish Alvestêdetocht 1956

Anton Verhoeven (Dussen, 1920 – Dussen, 26 july 1978) wie in bekende Alvestêdetocht rider út Dussen. Hy ried de Alvestêdetocht yn fan 3 febrewaris 1954, 1956 en 1963. Yn 1954 hie Verhoeven de Alvemarrentocht dy’t de moandeis oan de tocht foarôf gie wûn en hy starte dus as ien fan de favoriten.

Anton hie de handichheid ûntwikkele om foarôf te fiters mei in losse knoop fêst te meitsjen sadat hy nei it draven nei it Van Harinxmakanaal de fiters allinnich noch mar oan hoegde te lûken. Oan Starum ta ried hy foarop. Nei Harns rieden seis riders foarop: Jan Charisius, Klaas Leffertstra, Aad de Koning, Jeen van den Berg, Jeen Nauta en Anton Verhoeven. Flak foar de lêste bocht by it boerdsje "einstreek" mei lyts dêrûnder "oer 500 meter’ ried Verhoeven ferkeard: Jeen van den Berg wûn, Anton waard fiifde. In pear dagen letter wûn hy de Ronde fan Loosdrecht oer 120 kilometer mei in oere foarsprong op nûmer twa. Henk van der Grift, de wrâldkampioen fan 1961, waard dêr tredde. Hy waard yn 1954 fiifde, mar der waarden gjin prizen útrikt .

Op 14 febrewaris 1956 gie Anton Verhoeven mei Jeen Nauta, Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning en Maus Wijnhout hân yn hân yn 8 oere 46 min. oer de streek. It bestjoer besleat het fiiftal te diskwalifisearjen. Der soenen dat jier gjin prizen útrikt wurde.