Springe nei ynhâld

Jeen Nauta

Ut Wikipedy
Jeen Nauta
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 7 maaie 1926
berteplak Warten
stjerdatum 23 febrewaris 1986
stjerplak Grou
sportive ynformaasje
ûnderdiel Maratonriden
wichtige prestaasjes
Hat 5 kear meidien oan de âlvestêdentocht
Finish Alvestêdetocht 1956

Jeen Nauta (Warten, 7 maaie 1926Grou, 23 febrewaris 1986) is in Alvestêdenrider út Warten.

Yn 1947 kaam Joop Bosman as earste oer de einstreek en Klaas Schipper út Stienwikerwold ( mei in grut ferbân om’e holle ) waard twadde. Mar fuort reinde it protesten, der soe "oplein" wêze: foarrider en efterrider hân-yn-hân op’e rêch, sadat men inoar triuwe en lûke koe.

Pas yn augustus waard de útslach definityf fêststeld: winner waard de earst as 5e einige Jan W. van der Hoorn, en Anton Verhoeven út Dussen wurdt twadde. Mar de eardere nûmers twa Klaas Schipper, trije Jeen Nauta, fjouwer Jaap Wijnia, nûmmer seis Wierd Wijnia en nûmer sân Hein Vermeulen krigen gjin priis. De bruorren Wijnia waarden boppedat diskwalifisearre, omdat se har mei de auto ride litten hienen. Anton Verhoeven út Dussen, dy’t as achtste oankaam, krijt letter de twadde priis. Abe de Vries ( oarspronklik njoggende ) wurdt tredde.

Yn 1956 kaam Jeen Nauta tagelyk mei Aad de Koning, Anton Verhoeven, Maus Wijnhout en Jan J. van der Hoorn oer de streek. Se waarden diskwalifisearre omdat se hân-yn-hân oer de einstreek rieden.