Springe nei ynhâld

Jeen van den Berg

Ut Wikipedy
Jeen van den Berg
sporter
Jeen van den Berg, de winner fan 1954
Jeen van den Berg, de winner fan 1954
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJeen van den Berg
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum8 jannewaris 1928
berteplakDe Feanhoop
stjerdatum8 oktober 2014
stjerplakIt Hearrenfean
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sportReedriden
ûnderdielLangebaanriden,
Maratonriden
O.S.Cortina d'Ampezzo 1956,
Squaw Valley 1960
wichtige prestaasjes
Winner Alvestêdetocht 1954

Jeen van den Berg (De Feanhoop, 8 jannewaris 1928 - It Hearrenfean, 8 oktober 2014) wie in Frysk ûnderwizer en reedrider, dy't benammen bekend waard as de winner fan de Alvestêdetocht fan 1954. Hy wie ûnderwizer fan berop.

Dy tocht wûn er yn de tiid fan 7 oeren en 35 minuten, in rekord dat pas 31 jier letter ferbettere waard. Yn de tocht fan 1956 einige er as seisde, nei de kopgroep dy't hân-yn-hân oer de finish gie. By de swiere tocht fan 1963 waard er tredde.

Van den Berg wie ek in goed langebaanrider. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Winterspullen, beide kearen kaam er út op de 5 en 10 kilometer. Yn 1973 waard er de earste Nederlânsk kampioen maratonriden.

Jeen van den Berg wie ûnderwizer fan berop. Hy is eareboarger fan de gemeente It Hearrenfean.

jierNK AllroundEK AllroundOlympyske SpullenWK Allround
1950NS3--
19546e--
19555e--
1956sulver-24e 5000m-
195716e
195816e16e
195916e15e
196013e19e 5000m
22e 10000m
13e
196211e--
19636e--
- = net meidien
NS3 = net start op de 3e ôfstân
  • Mark Hilberts, Jeen van de Berg. Utjouwerij Noordboek, 2022.