Springe nei ynhâld

Skaal fan Beaufort

Ut Wikipedy

De skaal fan Beaufort is in mjitsysteem (ôfkoarte ta Bft) om 'e faasje fan 'e wyn (oftewol de wynkrêft) oan te tsjutten. Dit systeem waard yn 1805 opsteld troch de Ier Francis Beaufort, dy't admiraal by de Britske Keninklike Marine wie. Doe't hy gesachfierder wie fan it fregat de Woolwich, makke dyselde in yndieling yn 12 wynsterkten oan 'e hân fan 'e seilfiering fan syn skip. Syn skaal wie sadwaande oarspronklik basearre op 'e krêft dy't de wyn per oerflakte-ienheid op 'e seilen útoefene, en net op 'e faasje fan 'e wyn, mei't er seach nei it effekt fan 'e wyn op syn skip ynstee fan nei de wyn sels. Yn 1838 stelde de Britske Keninklike Marine de skaal fan Beaufort ferplichte foar wynkrêftoantsjuttings yn skipssjoernaals.

De omskriuwings fan Beaufort rûnen útinoar fan "gjin fertier" (0 Bft) oant "seilen waaie út 'e liken" (12 Bft). Yn 1905 waard de skaal fan Beaufort troch sir George Simpson oanpast oan 'e steamfeart, en yn 1921 fierde dyselde nochris wat oanpassings troch om 'e skaal begryplik te meitsjen foar lânrotten. Dêrby foege er ek de respektivelike faasjes fan 'e wyn oan 'e yndieling ta. Yn 1946 waard it hiele systeem yngeand feroare troch it Ynternasjonaal Meteorologysk Komitee, en waard de yndieling basearre op 'e trochsneed faasje fan 'e wyn oer in tiidsspanne fan tsien minuten op in hichte fan tsien meter boppe de grûn. Teffens waarden der doe oan 'e boppekant fan skaal in tal ienheden tafoege om hegere wynfaasje kategorisearje te kinnen.

Skematysk oersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
wynkrêft beneaming fan it KNMI beneaming yn de seefeart wynfaasje yn km/h * wynfaasje yn m/s * wynfaasje yn knopen[1] útwurking boppe lân en by de minske útwurking boppe see warskôgingsflaggen
0 stil wynstil 0-1 0-0,2 0-1 reek stiget rjocht of frijwol rjocht op
spegelglêd wetteroerflak
1 tige swak flau en stil 1-5 0,3-1,5 1-3 wynrjochting goed ôf te lieden út reekplommen
lytse weachjes, skolperich wetteroerflak
2 swak flauwe koelte 6-11 1,6-3,3 4-6 wyn fielber yn it gesicht, waarhoannen wize no juste rjochting oan, blêdte risselet, flagge beweecht
lytse, koarte weagen
3 frij licht lichte koelte 12-19 3,4-5,4 7-10 opwaaidende moude, flaggen wapperje, blêden bewege dúdlik
lytse weagen brekke, earste skomkoppen
4 licht tuskenbeiden koelte 20-28 5,5-7,9 11-16 papier waait op, tûken bewegen, hier rekket út model, klean wapperje, gjin langpoaten mear
weagen wat langer, mear skomkoppen
5 frij krêftich frisse rûzer 29-38 8,0-10,7 17-21 blêden rûzje, strewellen en beamkeguod beweecht, lege ôffalcontainers waaie om
tuskenbeiden weagen, oansjittende see (oeral skomkoppen), hjir en dêr wat opwaaiend skom
6 krêftich stevige rûzer 39-49 10,8-13,8 22-27 grouwe tûken bewege, swierrichheden mei paraplu's, huodden waaie ôf
gruttere weagen, skomplakken, aardich wat opwaaiend skom
7 hurd hurde wyn 50-61 13,9-17,1 28-33 hiele beammen bewege, flaggen steane strak, dreech om tsjin 'e wyn yn te fytsen of te rinnen
weagen wurde heger, begjinnende skomstreken
8 stoarmeftich 62-74 17,2-20,7 34-40 twigen brekke fan 'e beammen ôf, rinne of fytse wurdt hiel dreech
tuskenbeiden hege weagen, skomstrepen

9 stoarm 75-88 20,8-24,4 41-47 dakpannen waaie fan 'e dakken, bern hawwe muoite om har stean te hâlden, tûken brekke ôf, allinnich swellen en einen fleane noch
hege weagen, sicht minderet troch skomfleagen

10 swiere stoarm 89-102 24,5-28,4 48-55 skea oan gebouwen, folwoeksenen hawwe muoite om har steande te hâlden, beammen ûntwoartele, alle fûgels oan 'e grûn
tige hege weagen, see wurdt wyt fan it skom, oerslaande weagen, fermindere sicht
11 tige swiere stoarm / orkaaneftich 103-117 28,5-32,6 56-63 oansjenlike skea oan bosken en gebouwen
ekstreem hege weagen, see alhiel oerdutsen mei skom, sterk fermindere sicht
12 orkaan >117 >32,7 >63 grutte skea oan bosken, gebouwen en ynfrastruktuer
loft fol mei ferwaaid wetter en skom, see folslein wyt, frijwol gjin sicht mear


*: trochsneed faasje fan 'e wyn metten oer teminsten tsien minuten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  1. Wind speed units & wind directions