Lochboek

Ut Wikipedy
Lochboek fan de replika fan it fregat Grand Turk

In lochboek is in boekwurk dêr’t barrens yn byholden wurde.

Oarspronklik wie in lochboek it ferslach oan board fan in fartúch dêr’t de mjittings fan de loch yn byholden waarden, de faasjemjittings dus. Dy gegevens wiene fan grut belang foar it bepalen fan de posysje. Letter waarden yn it lochboek alle barrens set dy’t mar justjes fan belang wiene, ek de barrens dy’t net daliks mei de navigaasje te krijen hiene.

It lochboek waard ek (skips)sjoernaal, deiboek of deiregister neamd. Koartwei ha jo it sels oer de loch.

Utsein yn de skipfeart wurdt it wurd lochboek hjoeddedei ek oarewei brûkt: yn de wittenskip (labsjoernaal), persoanlike lochboeken (in Deiboek) is yn wêzen in foarm fan in lochboek), ûnderhâldslochboeken (bygelyks it ûnderhâldsboekje fan de auto), in flechtlochboek (dêryn hâldt de fleaner syn flechten by, hoefolle flechten en bysûnderheden), hurdrin-lochboeken (runner’s log) dêr’t de draver allerhanne ynformaasje oer de trening yn opskriuwe kin en lochboeken op it web (weblochs). It fêstlizzen fan barrens fan automatisearre systemen wurdt loggen neamd.

It algemiene doel fan in lochboek is dat letter weromlêzen wurde kin wat der krekt bard is op in beskaat stuit. Op it stuit fan opskriuwen is dus noch net bekend wat se letter weromlêze wolle. It is dus fan grut belang dat alle details yn it lochboek telâne komme, sadat se letter neat misse. Ek is it fan belang dat it fêstleine yn in lochboek autentyk is. De gegevens meie net fuorthelle of ûnkontrolearre wizige wurde.

Yn de ynformatika is lochanalize in wichtich ynstrumint om de oarsaak en gearhing fan barrens fêststelle te kinnen. Dêrby fynt ûnder oare korrelaasje fan gegevens út ferskate lochbestannen plak.