Alvestêdekrúske

Ut Wikipedy

It Alvestêdekrúske wurdt útrikt oan folbringers fan de Alvestêdetocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1909 de earste Alvestêdetocht ferriden waard, kaam al gau de fraach op hokker medalje der útrikt wurde moast oan de folbringers fan de tocht. Ferskate foarmen waarden ynstjoerd. Uteinlik waard derfoar keazen om de medalje te basearjen op in earekrúske dat yn 1898 útrikt waard oan Mindert Hepkema doe't dy de Alvestêdefytstocht fan dat jier foltôge.

Utrikking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dejingen dy't in offisjele Alvestêdetocht útride binnen de dêrfoar troch de Feriening De Fryske Alve Stêden stelde kondysjes krije in Alvestêdekrúske útrikt. Sa moat in dielnimmer lid wêze fan de Feriening de Fryske Alve Stêden, in startbewiis ûntfongen hawwe foar de tocht, moat in toerrider foar 0.00 binnen wêze en moat in wedstrydrider binnen 2 oeren nei de winner fan de Alvestêdetocht binnen wêze.

Foarmjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Alvestêdekrúske is yn 1909 ûntwurpen foar de earste Alvestêdetocht. It krúske bestiet út in medalje yn de foarm fan it Maltezer krús, mei yn de midden in sirkelfoarm. Op dy sirkel stiet yn emalje it wapen fan de provinsje Fryslân ôfbylde. Dêromhinne stiet yn in sirkel te lêzen De Friesche Elf Steden. It krúske hat ûngefear de grutte fan in kwartsje en waacht om de 7 gram hinne.

Oare prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Iisfretter
makker Auke Hettema

Neist it Alvestêdekrúske krije de earste 11 oankommende manlju en de earste trije einige froulju in medalje. Dêrneist krijt de winner de Pim Mulier wikselpriis, in grutte sulveren skaal. De winneres krijt in sulveren bokaal en sulveren wikselbeker. Dêrneist wurde de nammen fan de winners fvan de tocht gravearre yn it byld fan de Alvestêdetochtrider, de Iisfretter, by de Ljouwerter Elfstedenhal.

Alteraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de fyftjinde Alvestêdetocht yn 1997 ûntstie der wat opskuor oer it net ferlienen fan in Alvestêdekrúske oan de wedstrydrider Piet Kleine. Dizze postrinder, dy't yn de kopgroep ried, miste by Hylpen in min oantsjutten ekstra stimpelpost. Op telefyzjekamera's wie dúdlik te sjen dat hy dy post passearre. Rayonhaad Gerardus Bijker sei dan ek flak nei it ynsidint: Der binne genôch bewizen dat sy hjir lâns komd binne. Nei in gearkomste fan it bestjoer waard lykwols besletten Kleine dochs te diskwalifisearjen. Hy krige dan ek gjin Alvestêdekrúske. Letter soe hy sizze dat hy sa ûnder de yndruk fan de minskemassa en it entûsjasme wie, dat hy trochried.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mei-inoar binne der oant en mei 2006 om de 17.000 Alvestêdekrúskes útrikt.