Alvestêdetochten foar 1909
Alvestêdetochten foar 1909 wiene net offisjeel of organisearre, mei't pas yn 1909 de Earste Alvestêdetocht plakfûn. Dat wol lykwols net sizze dat foartiid nea sokke tochten ferriden waarden. It wie nammentlik yn Fryslân by leafhawwers fan reedriden al lang wizânsje om winterdeis, sadree't de tsjûkens fan it natoeriis dat taliet, te besykjen om by alle Fryske stêden lâns te riden.
Ierst bekende foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reedriden wie yn kâlde winters foar ynwenners fan Fryslân ien fan 'e effisjintste manearen om fan it iene nei it oare plak te kommen, benammen as ferkear oer de wei behindere waard troch sniefal of glêdens. It is bekend dat der yn foargeande iuwen troch jonge manlju wolris weddenskippen ôfsletten waarden oer de fraach oft it immen slagje koe om op ien dei alle alve stêden oan te dwaan. In lang gedicht fan Boelardus Augustinus van Boelens út 1749 ferwiist bgl. nei sa'n iere alvestêdetocht:
De knaap was lang beducht,
Voor het baasje, dat gelijk een vogel door de lucht
Kon vliegen over het ijs. 't Is Pier die ellef Steden
Van Friesland, op een dag, heeft in het rond gereden.
Op earnstiger wize wurde sokke iere alvestêdetochten op redens ek behannele yn it boekwurk Historische Beschryvinge van Friesland, dat skreaun waard yn 1763:
"Zij [de Westerlauwerske Friezen] hebben in 't algemeen den naam van groote Schaatseryders te wezen, en het is zeker, dat een goede Ryder op een dag wel driemaal verder ryden kan, als een Paard zoude kunnen lopen op zyn hardst. Het is ook meer als eens gebeurt dat goede Schaatse-ryders op een winterse dag alle XI steden van Friesland doorgereden en gezien hebben; dog dan moeten ze nergens lang vertoeven en 't Ys moet goed en sterck wezen."
Njoggentjinde iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste dokumintearre gefal fan reedriders dy't yn ien dei alle alve Fryske stêden oandiene, datearret út 'e iere njoggentjinde iuw. Yn 1809 slagge it Andries en Geert Bleeksma om in alvestêdetocht ôf te lizzen. Sy diene yn totaal 14 oeren en 30 minuten oer harren prestaasje. Yn 1844 makke de Ljouwerter Krante der melding fan dat trije Friezen in alvestêdetocht ôflein hiene: Schelte Wybenga, Beerend Hesselink en Hermannus van der Feer. Ek sy diene dêr 141/2 oere oer.
Yn 'e winter fan 1848 rieden Dirk Fontein, Albert Godhelp, Atze, Eelke, Johannes, Ruurd en Sybrandus Jager, Klaas de Jong, Douwe Joustra, Richolt Lonneman en Dirk Ruitinga in alvestêdetocht. Joustra, de Jong en Sybrandus en Johannes Jager leine dy ôf yn 151/2 oere. De keunstskilder Willem Troost, dy't ek skilderijen fan reedriderstafrielen makke, foltôge de tocht yn 1862, mar die der 22 oeren oer.
Ek út 1864 (Oane en Fetse Boersma, Douwe en Klaas Joustra en Foppe Wiersma), 1868 (Pieter Dikhoff en Sjoerd van der Wey), 1871 (Douwe en Klaas Joustra en Foppe Wiersma) en 1885 (Jacob de Jong, Wiepke Sangers, Durk van der Stal en Hendrik van der Veen) binne gefallen bekend fan reedriders dy't mei súkses in alvestêdetocht wisten te folbringen.
Winter fan 1890 op 1891
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De winter fan 1890 op 1891 wie in tige strangenien. Fan novimber oant jannewaris wiene alle binnenwetters yn Nederlân tichtferzen. Ungemakken, net selden mei deadlike ôfrin, wiene oan 'e oarder fan 'e dei, en der waarden geregeldwei stiif beferzen liken oantroffen fan lju dy't paadbjuster rekke, yn in wjek riden of troch it iis sakke wiene. Nettsjinsteande dat weagen hûnderten jongelju har oan in alvestêdetocht. Doedestiden wiene der fansels noch gjin stimpelkaarten, mar dochs woe men faak graach bewiis hawwe dat men in folsleine alvestêdetocht ôflein hie. Dêrom waard gauris yntekene op in list fan 'e weard fan in herberge yn elts fan 'e stêden.
Ut dat jier datearret ek it ierste dokumintearre gefal fan it riden fan 'e alvestêdetocht troch in frou: dy prestaasje stiet op namme fan 'e susters Lysbeth en Akke Swierstra út Poppenwier. Ek is bekend dat de sân bruorren Altenburg út Turns allegear op deselde dei in alvestêdetocht ôfleine. Sporter, skriuwer en sjoernalist Pim Mulier út Haarlim (mar oarspronklik út Wytmarsum) ried de alvestêdetocht op 2 jannewaris 1891. Ta bewiis klampte er yn eltse stêd in bewenner oan om in hantekening te setten op in papier dat er by him hie. It slagge him om 'e tocht ôf te rûnjen yn wat doe ynsafier bekend in rekôrtiid wie fan 13 oeren. Fan syn prestaasje naam de Ljouwerter Krante in wiidweidich ferslach op.
Mulier wûn troch syn alvestêdetocht in beskate rom. Tsjintwurdich is lykwols bekend dat twa wiken nei Mulier in Foeke Pieters van der Wal út Sleat yn minder as 13 oeren in alvestêdetocht ried. In dei dêr wer op wisten Douwe Watzes Visser en Ruurd Gerrits van Dijk, allebeide út Mullum, de tocht yn 121/2 oere te foltôgjen. De berjochtjouwing yn 'e kranten oer sokke krigele jongfeinten hie in oansûgende wurking: fan hein en fier strieken lju fan bûten de provinsje yn Fryslân del om in alvestêdetocht te prebearjen. Ut 1891 is sadwaande ek it earste dokumintearre gefal bekend fan bûtenlanners dy't de tocht rieden: de trije Ingelsen B.B. Taring en Louis en Charles Tebbutt.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de winter fan 1890 op 1891 rekke Pim Mulier ynspirearre om in alvestêdetocht yn organisearre ferbân op ien dei te ferriden, as in wedstryd. Yn 1908 naam er dêroer kontakt op mei it Frysk Iisbûn. Dy organisaasje seach wol wat yn in evenemint foar ien kear. Mulier stie eins in reedriderstocht foar eagen dy't elts jier holden wurde soe, ynsafier't de waarsomstannichheden dat talieten. Hoewol't dat ferskil fan miening bestean bleau, waard op sneon 2 jannewaris 1909 de earste offisjele organisearre Alvestêdetocht holden. Dy waard útskreaun troch it Nederlânsk Bûn foar Lichaamlike Opfieding en organisearre troch it Frysk Iisbûn. Letter dat jiers rjochten Mulier, kranteman Mindert Hepkema en ferskate meistanners de Vereeniging De Friesche Elf Steden op, dy't by it hûndertjierrich bestean, yn 2009, it predikaat Keninklik krije soe. Dy feriening naam de organisaasje fan alle lettere edysjes fan 'e Alvestêdetocht oer. Anno 2021 binne dêrfan yn totaal fyftjin holden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Alvestêdetocht | |
---|---|
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht |