Fermaak

Ut Wikipedy
In fjoerspuier

It begryp fermaak, ferdivedaasje, amusemint (út it Frânsk, fan amusement) of entertainment (út it Ingelsk) hat in aardich brede betsjutting. Yn it generaal wurdt oannommen dat it in beuzichheid is dy’t bedoeld is as ôflieding en fermaak en dus benammen ferdivedearret. Dat betsjut dat in hanneling of beuzichheid, dy’t foar in beropsman in taak is, foar de amateur yn dat opsicht ôflieding jout en amusemint betsjut. Yn dy syn is in leafhawwerij amusemint. Amusemint is dêrnjonken — yn passive, ûntfangende sin — ek ferbûn mei de byldzjende keunst, muzyk, teater, film en soksawat. Ek dêr spilet ôflieding in grutte rol.

Amusemint past him kwa foarm oan de tiidgeast oan. In moderne tendins is dat amusemint daliks foldwaan moat oan de ferwachtings fan minsken, dy’t tsjintwurdich kar hawwe út folle mear foarmen fan fermaak dan yn earder tiden (of yn minder rike lannen). Ek wurdt fermaak yn dizze tiid fan technologyske helpmiddels (bygelyks: mp3-spiler op in yndividueler wize konsumearre as foarhinne. Dat kin no meast op elk stuit fan de dei. De komst fan ynternet mei syn spultsjewebsiden hat dy ûntjouwing o sa fuortsterke.