Krante

Ut Wikipedy
Rak mei grutte bûtenlânske kranten

In krante (earder courant) , nijsblêd of gazet is in printe útjefte dy't evenredich ferskynt en meastentiids nijs befet.

Faak wurdt it begryp krante brûkt as synonym foar deiblêd. Mar dat kloppet feitlik net, want in deiblêd ferskynt alle dagen (útsein op snein), wylst guon kranten mar ien kear yn de wike ferskine of yn de moanne. Dêrom is elk deiblêd in krante, mar net elke krante in deiblêd.

Der wurdt ornaris ûnderskied makke tusken algemiene kranten en spesjalisearre kranten. De spesjalistyske krante heart faaks by de kategory dy't ien kear yn de wike of moanne útkomt.

Fan de tsjintwurdige deiblêden binne der guons as krante begûn. Yn de namme is dat somtiids noch wol werom te finen, bygelyks de Ljouwerter Krante; op 29 july 1752 foar it earst ferskynd as Leeuwarder Saturdagse Courant.

De Telegraaf en deiblêd De Twentsche Courant Tubantia komme wol op snein út.

In Nederlân binne seis kranten dy't moarns ferskine:

Der binne trije kranten dy't jûns ferskine:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]