Springe nei ynhâld

Fryske stêden

Ut Wikipedy
Sleat
Drylts
Hylpen

Der binne fan âlds alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. De measte dêrfan binne ûntstien, net troch't se stêdsrjochten fan in hear krigen, mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat. Meidat de measte hannel earder mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene, lizze de measte stêden yn it westen fan de provinsje; mar twa lizze eastlik fan de eardere Middelsee, nammentlik Ljouwert en Dokkum..

Yn sân fan de alve stêden wurdt neist it Frysk in eigen dialekt sprutsen, nammentlik it Stedsk. Dizze sân dialekten binne:

Alvestêdetochten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As it sterk iis is, wurdt winters de ferneamde Alvestêdetocht op redens hâlden. Dêrneist wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein, de Kuier- en Fyts-alvestêdetochten binne dêr de bekendste fan.

De stêden fan it kertier:

NammeGemeenteYnwenners
(1 jannewaris 2023)[1]
Stêdsrjochten
LjouwertLjouwert96.1901285 (as Nijehou; foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde
1435 (as Ljouwert)
SnitsSúdwest-Fryslân35.0201456 (offisjeel; yn de 13e iuw al inkele stêdsrjochten)
DryltsSúdwest-Fryslân3.0501268
SleatDe Fryske Marren7151426 (foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde)
StarumSúdwest-Fryslân9651118
HylpenSúdwest-Fryslân8601225 (nei alle gedachten)
WarkumSúdwest-Fryslân4.5701399
BoalsertSúdwest-Fryslân10.1201455
HarnsHarns15.0951234
FrjentsjerDe Waadhoeke13.0151374
DokkumNoardeast-Fryslân12.9651298

Alle stêden, mei útsûndering fan Starum hawwe de status fan beskerme stedsgesicht.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje