Boalsertersk
Boalsertersk | ||
algemien | ||
eigen namme | Bòlswarders | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | ±2.400 (2009, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Stedsk ● Boalsertersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) |
It Boalsertersk (Boalsertersk: Bòlswarders) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Boalsert, it eardere haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Boalsertersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Boalsertersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradisjonele teory binne it Boalsertersk en de oare Stedske dialekten ûntstien doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Boalsertersk oerlevere binne.
Oant djip yn 'e njoggentjinde iuw wie it Boalsertersk yn Boalsert de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it Standertnederlânsk. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it Nederlânsk. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Boalsert ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Boalsertersk te praten.
Taaleigenskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Boalsertersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare Stedske dialekten. It komt benammen sterk oerien mei it Snitsersk, dat yn Snits sprutsen wurdt, mei't beide dialekten in beskate ynfloed fan it Súdwesthoeksk ûndergien hawwe. Fierders ûnderskiede it Boalsertersk en it Snitsersk har fan 'e oare Stedske dialekten trochdat se yn wurden as hand ("hân"), sand ("sân") en band ("bân") yn 'e regel de wurdeinige -d ferlern hawwe, wylst de fokaal dêrfoaroer oprutsen is: haan, saan en baan.
Tal sprekkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oangeande it sprekkerstal fan it Boalsertersk binne gjin sekuere sifers bekend, mar dochs is it wol mooglik om ta in rûge skatting te kommen. De Bosatlas van Fryslân (2009) jout nammentlik oan dat yn 'e gemeente Boalsert troch 18% fan 'e befolking Stedsk sprutsen wurdt.[1] Mei in gemeentlike befolking fan (neffens deselde boarne) 9.730 minsken, komt dat út op in oantal fan 1.751 Stedsktaligen yn Boalsert.
Dêrby moat men betinke dat in diel fan 'e Boalsertersktaligen him nei alle gedachten oer it omlizzende plattelân ferspraat hat. Neffens De Bosatlas van Fryslân is bgl. fan 'e befolking fan Littenseradiel 2%, fan dy fan Wûnseradiel 6% en fan dy fan Wymbritseradiel 4% Stedsktalich.[2] As men dy persintaazjes oer de hiele provinsje omrekkenet ta absolute oantallen en se dan ferrekkenet mei it oandiel dat de oare Stedske dialekten deryn hawwe sille, komt men foar it Boalsertersk út op in totaal fan sa'n 2.400 sprekkers. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it benammen om âldere stedsjers giet, mei't it meastepart fan 'e jongerein de eigen taal net folle mear brûkt. It sprekkerstal fan it Boalsertersk nimt sadwaande stadichoan ôf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes: boarnen:
|
Talen en Dialekten yn Fryslân | ||
---|---|---|
Frysk | Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk) | |
Hollânsk | Hollânsk-Frysk | Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk) |
Westfrysk | Flylânsk † | |
Nedersaksysk | Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk) |