Springe nei ynhâld

Bjirmsk

Ut Wikipedy
Bjirmsk
algemien
eigen nammeBjirmsk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers±5.000
skriftLatynsk alfabet
taalsibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Noardwestgermaansk
        Frysk
          Westerlauwersk Frysk
            Klaaifrysk
              Bjirmsk
dialektengjint

It Bjirmsk is de foarm fan it Klaaifrysk sa't dat sprutsen wurdt yn rûchwei de eardere gemeente Barradiel, oan 'e Waadkust benoarden Harns.

Dizze taalfariant tanket syn namme oan 'e trije "Bjirmen" (Seisbierrum, Pitersbierrum en Easterbierrum), mar wurdt likegoed sprutsen yn Winaam, Kleaster-Lidlum, Tsjummearum en Furdgum, wylst Minnertsgea in oergongsposysje ynnimt.

It Bjirmsk ûnderskiedt him fan 'e rest fan it Klaaifrysk troch û.m. de klankferskowings fan [o:] nei [a.ṷ], yn wurden as "do" (de fûgel), "ko" en "stropanne" (dy't dus útsprutsen wurde as dau, kau, resp. straupanne), en fan [ɛ:] nei [ɪ] yn in wurd as "rêch" (dat dus útsprutsen wurdt as rich).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
    Talen en Dialekten yn Fryslân
    FryskAastersk Hylpersk Klaaifrysk (Bjirmsk) Molkwardersk  Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk Westnoardhoeksk) Skiermûntseagersk Skylgersk Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) Wâldfrysk (Westereindersk)
    HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk Westamelânsk) Biltsk (Eastbiltsk Westbiltsk) Midslânsk Stedsk (Boalsertersk Dokkumersk Feanstersk  Frjentsjertersk Harnzersk Kollumersk Ljouwertersk Snitsersk Starumersk)
    Westfrysk           Flylânsk 
    Nedersaksysk  Kleastersk Pompstersk Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk Gitersk  Haadstellingwerfsk Kúndersk Westhoeksk) Westerkertiersk (Kollumerlânsk)