Springe nei ynhâld

Skylgersk

Ut Wikipedy
Skylgersk
algemien
oare namme(n) Westersk
eigen namme Schylgers, Westers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 400 (2004, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Skylgersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal?)

It Skylgersk, ek wol Westersk neamd (Skylgersk: Schylgers of Westers), is it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it westlike part fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It is nau besibbe oan it Aastersk, it dialekt fan it eastlike part fan Skylge. De beide Fryske susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan it eilân. It is mei it Skylgersk sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw sterk yn it neigean rekke, om't de taal frijwol net mear trochjûn wurdt oan 'e bern. It is sadwaande fral in ûnderling kommunikaasjemiddel fan 'e âldere generaasjes wurden.

Hoewol't de taalkundige G.G. Kloeke al oan it begjin fan 'e tweintichste iuw riddenearre dat as West-Fryslân foarhinne Frysktalich west hie, dat de Waadeilannen dat dan perfoarst oarspronklik ek west hawwe moasten, waard dat net daliks oannommen. Noch yn 1934 oppenearre de Grinzer heechlearaar Klaas Heeroma, dy't sels fan Skylge ôfkomstich wie, dat syn eilân fan oarsprong Frankysk west hawwe moast, mei't hy grutte oerienkomsten seach tusken it Midslânsk en de dialekten fan Flylân, Teksel, Wieringen, Drechterlân (by Inkhuzen) en de Saanstreek. Nei syn idee hie dy dialektgroep neat mei it Frysk út te stean, en sels it Stedsk hie neffens him in hiel oare oarsprong. De beide ûntsjinsisber Frysktalige úteinen fan Skylge seach er as frij jonge koloanjes fan Friezen dy't oarspronklik út 'e Súdwesthoeke ôfkomstich wiene.

De lokaasje fan it Skylgerske dialekt yn it Fryske taalgebiet.

Tsjintwurdich is men fan betinken dat de oerienkomsten dy't Heeroma seach tusken it Midslânsk en de neamde Hollânske dialekten wier wol hout sniene, mar dat de ûnderlizzende oarsaak fan dy oerienkomsten no krekt it Fryske substraat is, dat it Midslânsk mei de Westfryske dialekten en it Saansk dield. Sadwaande slút de algemien oanfurde sjenswize fan hjoed de dei mear oan by Kloeke syn riddenaasje. Skylge moat oarspronklik hielendal ta it Fryske taalgebiet heard hawwe, mar waard ûnder de Midsiuwske Frysk-Hollânske Oarloggen yn 1396 troch Albrecht fan Beieren, de greve fan Hollân, beset, en kaam doe ûnder in Hollânsk bestjoer te stean dat oant 1942 duorje soe.

Dêrby fungearre Midslân iuwenlang as it bestjoerssintrum en sadwaande soe de befolking dêre en yn omlizzende doarpen en útbuorrens meitiid stadichoan ferhollânske wêze, krekt sa't dat op it Fryske fêstelân yn 'e stêden ek barde. Wat fierder oft men fan it bestjoerssintrum ôf kaam, wat lytser oft lykwols de ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal wie, dat op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge beholden de pleatslike dialekten harren Fryske karakter. Wol hie it Midslânsk op it eilân de funksje fan in soarte fan lingua franca, in algemiene omgongstaal, dy't net inkeld troch de Midslanners sels, mar likegoed troch de lju fan West en de Aastersen behearske waard. Op dy manear droech it Midslânsk by oan in ferhollânskingsproses dat ek yn 'e beide oare dialekten dúdlike spoaren neilitten hat.

Utsjoch op West, mei lofts de Brandaris.

It Skylgersk genietet op Skylge gjin offisjele status of erkenning. Ek yn 'e provinsje Fryslân beskikt it as Frysk dialekt net oer erkenning los fan 'e Fryske standerttaal, en mei't it Skylgersk frij fier fan dat Standertfrysk ôfstiet, hat de offisjele status dy't it as dialekt dêrfan yn prinsipe dielt, yn 'e praktyk net folle te betsjutten. Hoewol't men it Skylgersk ynformeel sûnder beswier as ien fan 'e streektalen fan Fryslân beskôgje kinne soe, is it mar de fraach oft dat wetlik ek ta de mooglikheden heart, yn acht nommen dat mei "streektalen" yn 'e Fryske kontekst ornaris ferwiisd wurdt nei de net-Fryske dialekten yn Fryslân. As ôfwikend dialekt fan it Frysk, mei syn offisjele status, liket it Skylgersk in bytsje tusken de wâl en it skip yn rekke te wêzen.

Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente Skylge dêr frijstelling fan, en folje de skoallen op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Skylger kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Skylgerske dialekt fersoarge, ek al wurdt dat oan 'e eastkant fan it eilân foar it Aastersk wol dien.

Fan 1931 ôf wie it fral de Westskylger Gerrit Knop (1873-1949), dy't him foar it behâld fan it Skylgersk ynsette. Dat died er mei de publikaasje fan ferskate boeken en artikels, en troch syn mei-eilanners oan te fiterjen om krekt as him koarte ferhalen en gedichten yn it eigen dialekt te skriuwen. Teffens wie hy de driuwende krêft efter de útjefte (yn 1935) fan it earste Skylger lêsboek (foar skoalbern), it saneamde Schylgerlaner Leisboek, wêryn't trouwens alle trije dialekten fan it eilân behannele waarden. Postúm ferskynde fan Knop yn 1954 it boek De Spraakkunst der Terschellinger Dialecten, wêryn't er tige sekuer de trije Skylger dialekten op taalwittenskiplike wize fêst besocht te lizzen.

Utsjoch op West fan see ôf.

Yn 1980 sette Martha van Wichen-Schol op eigen inisjatyf útein mei de gearstalling fan in wurdlist fan it Skylgersk, dy't úteinlik yn 1986 troch de Fryske Akademy ûnder de titel Woddenboek fan et Westers útjûn waard. Yn it foaropwurd skreau K.F. van der Veen dat de Fryske Akademy dy wurdlist as tige foarriedich beskôget en plannen hat om op basis derfan nochris in echt wurdboek fan it Skylgersk te skriuwen.

It Skylgersk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e flekke West-Skylge en omkriten, wêrmei't it taalgebiet de westlike útein fan Skylge beslacht (dêrfandinne de alternative namme "Westersk"). Likernôch healwei tusken West en de útbuorren Hee grinzget it Skylgerske gebiet oan it Midslânske taalgebiet. Neffens in skatting út 2004 soe it Skylgersk doe noch sprutsen wêze troch sa'n 400 minsken, dy't frijwol sûnder útsûndering ta de âlderein hearden. Sadwaande nimt it tal sprekkers fan dit dialekt de lêste tsientallen jierren stadichoan fierder ôf.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskillen mei it Aastersk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beide susterdialekten Skylgersk en Aastersk lykje gâns opinoar, hoewol't der ek dúdlike ferskillen binne. Dêrby giet it benammen om oare lûden en yn mindere mjitte om ûnderskie op it mêd fan it leksikon. Wat de lûdsferskillen oangiet it folgjende foarbyld:

taalfoarm foarbyld IPA
Skylgersk: Et hat wol un gelok wên. [ǝt hat ʋol ǝn ɡǝlok ʋɛ:n]
Aastersk: Et hat wol un geluk wen. [ǝt hat ʋol ǝn ɡǝlœk ʋɛn]
Standertfrysk: It hat wol in gelok west. [ǝt hat ʋol ǝn ɡǝlok ʋɛst]
De haven fan West.

Ferskillen mei it Standertfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnderskie tusken it Skylgersk en it Standertfrysk is folle grutter as dat mei it Aastersk, hoewol ek wer net sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens no drekt yn gefaar komt. De ferskillen lizze mar foar in lyts part op it mêd fan it leksikon, mei wurden as ta ("heit"), poeë ("beppe") en kiwyt ("ljip"). Nammenste mear ûnderskie is der op it mêd fan 'e klanklear. Sa hat Skylgersk foarmen as trea ("trije"), jeaf ("leaf"), snjong ("sneon"), hoeng ("hûn") en dir ("dêr"). Fierders is it Skylgerske ekwifalint fan 'e Fryske konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") de yn it Frysk net foarkommende [sx] (sch fan school), bgl. yn schiep ("skiep"), schôd ("skaad") en schroeër ("skriuwer").

In oare klank dy't yn it Standertfrysk ûntbrekt is it twalûd "ae", lykas yn twae ("twa"), dat útsprutsen wurdt as [a.ǝ], likernôch as yn it Dútske wurd Nahe. Fierders wurde ferlytsingsfoarmen by haadwurden dy't einigje op l, n, t en d gearstald troch der it efterheaksel -tse (ynstee fan "-tsje") oan ta te foegjen. Ferlykje foar boppesteande saken bgl. dit fragmint út it Skylger folksliet:

O, Schylge, myn lântse, hwat hab ik di jeaf
Al wa di net priizet, di fynt mi toch deaf

Ek de stavering fan it Skylgersk wykt frijwat ôf fan it Standertfrysk. Sa komt de letter g oan 'e ein fan wurden foar, dêr't dy yn it Frysk yn wurdeinige posysjes ferfongen wurdt troch de ch; ferlykje borg ("berch") en trog ("troch"). Fierders wurde de stomme r en l net stavere; sa skriuwt it Skylgersk east ("earst") en sôt ("sâlt"). Ek wurdt it yn 'e Fryske stavering beholden ûnderskie tusken de â en de ô net werjûn; it Skylgersk skriuwt foar beiden ô, lykas yn ôd ("âld") en sôn ("sân"). De â wurdt dan reservearre foar de a-eftige klank yn bgl. mâlheid ("mâlheid"). Boppedat komt de letter û net foar; dy klank wurdt altyd stavere as "oe". Oarsom wurde der seis letters brûkt dy't it Standertfrysk net ken:

  • à, lykas yn sànde ("sânde")
  • è, lykas yn hèger ("heger")
  • é, lykas yn téring ("tarring")
  • ò, lykas yn bòn ("bern") (dit is de [ɔ], de o fan "hok")
  • ó, lykas yn hód ("hurd")
  • ö, lykas yn hönreiking ("hânrikking")

Oarstalige ynfloeden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de ynfloed fan it Hollânsk-Fryske Midslânske dialekt en letter fan it Standertnederlânsk hat it Skylgersk ek oarstalige ynfloeden ûndergien. Sa stie it, benammen yn 'e santjinde en achttjinde iuw, de tiid dat in der op 'e Waadeilannen in protte oan 'e walfiskfeart dien waard, ek ûnder ynfloed fan Skandinavyske talen, lykas it Sweedsk, it Deensk en it Noarsk. Ek de iuwenlange Eastseehannel spile yn dat ramt in grutte rol.

Hjirnei in priuwke fan it Skylgersk, in fragmint út it foaropwurd fan it Woddenboek fan et Westers, troch K.F. van der Veen:

Dut is et easte woddenboek fan et Westers, de Fryse tongslag fan et dorp West op Schylge. Et Westers is ien fan de trea tongslaggen fan et eilôn. De oaren binne et Meslônzers, un Frys-Nederlands mingdialekt, en et Aasters, dat wer un Frys dialekt is en et meeste op et Westers liket, al binne der wol feschillen. Et woddenboek besteet út twae delen: un Nederlands-Westers woddenlijst, alfabetys op et Nederlands, en un Westers-Nederlandse woddenlijst, alfabetys op et Westers. Yn et woddenboek binne un lytse fiifduzend Wester wodden ferworket, yn wezen mar un lyts deel fan de folsleine woddenschat. Et woddenboek is schrouwn trog Martha van Wichen-Schol. Yn maart 1980 stjoerde ja mi et easte begin fan et woddenboek tò. Dat bestong út un lijst mei de Nederlandse wodden yn dut woddenboek di mei de letter A beginne en dirachter et fertaalde yn et Westers. Ja schrouw dirbi dat se de lijst op oanwizingen fan C. Roggen gestalte jouwn hi. Ik doog har te witten dat de Fryske Akademy bli mei har ynbring waar en wi hoopten op et ferfolg. Yn de maanden en jieren dirnei komen op deselde wiize alle letters klear. De leste letter koom yn oktober 1983 op et Coulonhús, dus so'n trea en un half jier nei de easte letter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)