Springe nei ynhâld

Aastersk

Ut Wikipedy
Aastersk
algemien
eigen namme Aasters
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers >100 (skatting, 2018)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Aastersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal?)

It Aastersk (Aastersk: Aasters) is it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it eastlike part fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It is nau besibbe oan it Skylgersk, it dialekt fan it westlike part fan Skylge. De beide Fryske susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan it eilân. It is mei it Aastersk sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw sterk yn it neigean rekke, om't de taal frijwol net mear trochjûn wurdt oan 'e bern. It is sadwaande fral in ûnderling kommunikaasjemiddel fan 'e âldere generaasjes wurden.

Hoewol't de taalkundige G.G. Kloeke al oan it begjin fan 'e tweintichste iuw riddenearre dat as West-Fryslân foarhinne Frysktalich west hie, dat de Waadeilannen dat dan perfoarst oarspronklik ek west hawwe moasten, waard dat net daliks oannommen. Noch yn 1934 oppenearre de Grinzer heechlearaar Klaas Heeroma, dy't sels fan Skylge ôfkomstich wie, dat syn eilân fan oarsprong Frankysk west hawwe moast, mei't hy grutte oerienkomsten seach tusken it Midslânsk en de dialekten fan Flylân, Teksel, Wieringen, Drechterlân (by Inkhuzen) en de Saanstreek. Nei syn idee hie dy dialektgroep neat mei it Frysk út te stean, en sels it Stedsk hie neffens him in hiel oare oarsprong. De beide ûntsjinsisber Frysktalige úteinen fan Skylge seach er as frij jonge koloanjes fan Friezen dy't oarspronklik út 'e Súdwesthoeke ôfkomstich wiene.

De lokaasje fan it Aasterske dialekt yn it Fryske taalgebiet.

Tsjintwurdich is men fan betinken dat de oerienkomsten dy't Heeroma seach tusken it Midslânsk en de neamde Hollânske dialekten wier wol hout sniene, mar dat de ûnderlizzende oarsaak fan dy oerienkomsten no krekt it Fryske substraat is, dat it Midslânsk mei de Westfryske dialekten en it Saansk dield. Sadwaande slút de algemien oanfurde sjenswize fan hjoed de dei mear oan by Kloeke syn riddenaasje. Skylge moat oarspronklik hielendal ta it Fryske taalgebiet heard hawwe, mar waard ûnder de Midsiuwske Frysk-Hollânske Oarloggen yn 1396 troch Albrecht fan Beieren, de greve fan Hollân, beset, en kaam doe ûnder in Hollânsk bestjoer te stean dat oant 1942 duorje soe.

Dêrby fungearre Midslân iuwenlang as it bestjoerssintrum en sadwaande soe de befolking dêre en yn omlizzende doarpen en útbuorrens meitiid stadichoan ferhollânske wêze, krekt sa't dat op it Fryske fêstelân yn 'e stêden ek barde. Wat fierder oft men fan it bestjoerssintrum ôf kaam, wat lytser oft lykwols de ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal wie, dat op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge beholden de pleatslike dialekten harren Fryske karakter. Wol hie it Midslânsk op it eilân de funksje fan in soarte fan lingua franca, in algemiene omgongstaal, dy't net inkeld troch de Midslanners sels, mar likegoed troch de lju fan West en de Aastersen behearske waard. Op dy manear droech it Midslânsk by oan in ferhollânskingsproses dat ek yn 'e beide oare dialekten dúdlike spoaren neilitten hat.

It Aastersk genietet op Skylge gjin offisjele status of erkenning. Ek yn 'e provinsje Fryslân beskikt it as Frysk dialekt net oer erkenning los fan 'e Fryske standerttaal, en mei't it Aastersk frij fier fan dat Standertfrysk ôfstiet, hat de offisjele status dy't it as dialekt dêrfan yn prinsipe dielt, yn 'e praktyk net folle te betsjutten. Hoewol't men it Aastersk ynformeel sûnder beswier as ien fan 'e streektalen fan Fryslân beskôgje kinne soe, is it mar de fraach oft dat wetlik ek ta de mooglikheden heart, yn acht nommen dat mei "streektalen" yn 'e Fryske kontekst ornaris ferwiisd wurdt nei de net-Fryske dialekten yn Fryslân. As ôfwikend dialekt fan it Frysk, mei syn offisjele status, liket it Aastersk in bytsje tusken de wâl en it skip yn rekke te wêzen.

In wenpleats yn Aasterein.

Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente Skylge dêr frijstelling fan, en folje de skoallen op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Skylger kultuer. Yn it Aastersktalige gebiet krije de bern ek les yn it Aastersk, dat dêrmei in útsûnderingsposysje ynnimt; it Skylgersk noch it Midslânsk hawwe in plak yn it Skylger ûnderwiis, en op 'e oare fjouwer Waadeilannen wurdt yn dit opsjoch likemin wat dien oan it pleatslike dialekt.

Yn 1935 ferskynde it earste Skylger lêsboek (foar skoalbern), it saneamde Schylgerlaner Leisboek, wêryn't alle trije dialekten fan it eilân behannele waarden. De driuwende krêft dêrefter wie de Skylgerske taalaktivist en amateur-taalkundige Gerrit Knop. Yn 'e midden en de twadde helte fan 'e tweintichste iuw wiene it leden fan 'e famylje Roggen dy't har foar it behâld fan it Aastersk ynsetten. Benammen Cornelis Roggen (1900-1985) hat tige yn 't spier west as taalaktivist. Behalven dat er toanielstikken, koarte ferhalen en gedichten skreau, stalde er ek it Wêdenboek fon et Aasters gear, it earste wurdboek fan ien fan 'e Skylger dialekten, dat yn 1976 by de Fryske Akademy útkaam. Fjouwer jier letter folge ek noch in omsette wurdlist Nederlânsk-Aastersk.

De stinsterp fan 'e âlde Popmastins, by Aasterein.

Sûnt de santiger jierren bestiet der op East-Skylge in praatgroep, de Aaster Jompraters (letterlik: "Easter Jûnpraters"), dy't geregeldwei gearkomt om in jûn inkeld Aastersk te praten. Nijynkommelingen dy't wat fan 'e taal opstekke wolle, binne dêr ek wolkom. Ut dizze groep is yn 'e jierren njoggentich in toanielferiening fuortkommen dy't besiket om elts jier in stik yn it Aastersk op 'e planken te bringen. De útfierings wurde nei't it skynt tige goed besocht, net inkeld troch Aastersen, mar ek troch Midslanners en Westersen. De Aaster Joonpraters betinke soms ek noch wol neologismen dy't dan troch oare Aastersktaligen oernommen wurde. Foarbylden dêrfan binne koesbroek ("panty", fan koes = "hoas" en broek); knipjecht ("bûslampe", fan knippe = "oandwaan" en jecht = "ljocht"); en kôdekos ("kuolkast", fan kôd = "kâld" en kos = "kast").

It Aastersk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e doarpen Aasterein, Hoarne, Lies en omkriten, en teffens yn it eastlike part fan it doarp Formearum. Dêrmei beslacht it Aasterske taalgebiet de eastlike útein fan Skylge (dêrfandinne de namme fan it dialekt dy't yn it Standertfrysk oerset wurde kinne soe as "Eastersk"). Yn it westen waard foarhinne de grins mei it Midslânsktalige gebiet foarme troch It Jit, in paad dat yn 'e noard-súdrjochting dwers troch it doarp Formearum hinne rûn. Dat wie sa'n skerpe skieding, dat men rinnend oer It Jit, alteast neffens de ferhalen, de eilanners oan jins iene kant Aastersk praten hearre koe en oan jins oare kant Midslânsk. Neffens in skatting út 2004 soe it Aastersk doe noch sprutsen wêze troch sa'n 200 minsken, dy't frijwol sûnder útsûndering ta de âlderein hearden. Sadwaande nimt it tal sprekkers fan dit dialekt de lêste tsientallen jierren stadichoan fierder ôf. Yn 2018 skatte Richard van der Veen, de konservator fan Museum 't Behouden Huys, dy't foarhinne kursussen Aastersk joech, dat der op Skylge noch goed 100 minsken wiene dy't it Aastersk sprekke koene.[1]

Ien fan 'e wichtichste redens foar de efterútgong fan it sprekkerstal is dat it Aastersk yn 'e tweintichste iuw, fan 'e ein fan 'e fyftiger oant de njoggentiger jierren, yn 'e measte húshâldings net mear trochjûn waard oan 'e bern, om't dialekt prate doe op Skylge not done wie. Yn it boek Taal van de Wadden wurdt in Aaster út Hoarne sitearre, dy't dêroer seit: "It is no hielendal yn. De minsken wolle graach in nambuordsje of in menukaart yn it dialekt. Allinnich it punt is dat de generaasje fan 'e sechstiger jierren no seit: 'We kinne it sels net goed prate, dus hoe kinne we it ús bern dan noch oanleare?' En seker as se trouwe mei ien fan bûten it eilân, dan is it faak hielendal problematysk."[2] Likegoed ûntstie der nei 2000 ek ûnder de eilanners sels nije belangstelling foar it Aastersk, net yn it lêste plak troch de inisjativen fan 'e Aaster Jompraters ("Aasterske Jûnpraters"), dy't û.m. yn 2018 in toanielstik fan Molière yn it Aastersk oersetten, wêrfan't de foarstellings yn novimber al foàr de simmer hielendal útferkocht wiene.[1]

Yn july 2018 ferskynde der in artikel yn 'e Ljouwerter Krante dat omtinken skonk oan de 24-jierrige Dyami Millarson út Ljouwert, dy't him troch selsstúdzje yn in moanne tiid it Aastersk eigen makke hie. In freon fan Millarson, Ken Ho út Hongkong, helle yn 2016 alle media yn Fryslân om't er yn twa moannen Frysk leard hie. Under in besyk oan Fryslân rekke er yn 'e ban fan it grutte ferskaat oan streektalen dat yn 'e provinsje sprutsen wurdt. Hy gie werom nei Sina mei in boek fol wurdboeken en grammatikagidsen, en learde himsels yn Hongkong it Aastersk oan. Doe't Millarson ek Aastersk prate koe, begûnen de beide taalhobbyisten yn dat dialekt mei-inoar te chatten. Millarson hie ek korrespondearre mei Richard van der Veen, dy't foar de krante oer befêstigje koe dat Millarson it Aastersk alteast skriftlik goed yn 'e macht hie.[1]

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskillen mei it Skylgersk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beide susterdialekten Aastersk en Skylgersk lykje gâns opinoar, hoewol't der ek dúdlike ferskillen binne. Dêrby giet it benammen om oare lûden en yn mindere mjitte om ûnderskie op it mêd fan it leksikon. Wat de lûdsferskillen oangiet it folgjende foarbyld:

taalfoarm foarbyld IPA
Aastersk: Et hat wol un geluk wen. [ǝt hat ʋol ǝn ɡǝlœk ʋɛn]
Skylgersk: Et hat wol un gelok wên. [ǝt hat ʋol ǝn ɡǝlok ʋɛ:n]
Standertfrysk: It hat wol in gelok west. [ǝt hat ʋol ǝn ɡǝlok ʋɛst]

In oar ferskil is dat yn it Skylgersk ferlytsingsfoarmen by haadwurden dy't einigje op l, n, t en d gearstald wurde troch der it efterheaksel -tse (ynstee fan "-tsje") oan ta te foegjen: tsjettel wurdt dan tsjetteltse en laad wurdt laadse. It Aastersk stiet hjir tichter by it Standertfrysk, mei de foarmen tsjetteltsje en laadsje.

In doarpspleats yn Hoarne.

Ferskillen mei it Standertfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnderskie tusken it Aastersk en it Standertfrysk is folle grutter as dat mei it Skylgersk, hoewol ek wer net sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens no drekt yn gefaar komt. De ferskillen lizze mar foar in lyts part op it mêd fan it leksikon, mei wurden as tae ("heit"), poeë ("beppe") en kiwyt ("ljip"). Nammenste mear ûnderskie is der op it mêd fan 'e klanklear. Sa hat Aastersk foarmen as trea ("trije"), jiw ("leaf"), snjoon ("sneon"), hoeng ("hûn") en jecht ("ljocht"). Fierders is it Aasterske ekwifalint fan 'e Fryske konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") de yn it Frysk net foarkommende [sx] (sch fan school), bgl. yn schiep ("skiep"), schôd ("skaad") en schruwer ("skriuwer").

Ek de Aasterske stavering wykt frijwat ôf fan it Standertfrysk. Sa komt de letter g oan 'e ein fan wurden foar, dêr't dy yn it Frysk yn wurdeinige posysjes ferfongen wurdt troch de ch; ferlykje berg ("berch") en trog ("troch"). Fierders wurde de stomme r en l net stavere; sa skriuwt it Aastersk east ("earst") en sôt ("sâlt"). Ek wurdt it yn 'e Fryske stavering beholden ûnderskie tusken de â en de ô net werjûn; it Aastersk skriuwt foar beiden ô, lykas yn ôd ("âld") en sôn ("sân"). Oars as yn it Skylgersk, dêr't de â reservearre wurdt foar in a-eftige klank, komt dy letter yn it Aastersk hielendal net foar.

De [ɔ] (o fan "hok") wurdt altyd mei in o skreaun, ek op plakken dêr't it Standertfrysk de a oanhâldt, lykas yn fon ("fan") en bol ("bal"). Ek wurdt de [y:] (lange ú fan "drúf") skreaun as uu, lykas yn huus ("hûs") en sluus ("slûs"), wylst de ú reservearre wurdt foar de [y] (koarte ú fan "tút"), lykas yn bús ("bûse") en gúlje ("gûle"). Boppedat komt de letter û net foar; dy klank wurdt altyd stavere as oe. Op it mêd fan 'e twaklanken skriuwt it Aastersk bgl. yn guon gefallen oaë en oeë, lykas yn woaë ("(ik) woe") en bloeë ("bliuwe"), foar de Fryske [o.ǝ] (oa fan "boat") en [u.ǝ] (oe fan "goed"). Ek wurdt uu skreaun, bgl. yn feguur ("figuer"), foar de Fryske [y.ǝ] (ue fan "flues").

Wol beskikt it Aastersk oer ferskate klanken dy't it Standertfrysk net hat (of dy't yn it Standertfrysk net as aparte klanken ûnderskaat wurde):

Aasterske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [ɑ] rak ("rak"), kachel ("kachel") in wat "dûnkerder" foarm fan 'e a, lykas yn bak (yn tsjinstelling ta de a fan "lam")
in [ĩ:] mins ("minske"), fetsjinste ("fertsjinste") lang oanholden nasale i fan "pit"
o [o̞] rodde ("roof"), kot ("kat") in wat "dûnkerder", djipper yn 'e mûle útsprutsen foarm fan 'e o fan "hok"'
o [ɤ] do ("do"/"dû"), honnen ("hannen") in wat "dûnkerder", net-rûne útsprutsen foarm fan 'e o fan "bok"
on [õ:] onzer ("ingster", Nederlânsk: unster), bons ("bûns") lang oanholden nasale o fan "bok"
un [œ͂:] gunst ("geunst"), kunst ("keunst") lang oanholden nasale u fan "put"

De boppesteande nasale lûden in [ĩ:], on [õ:] en un [œ͂:] moat it Frysk oarspronklik ek hân hawwe, mar dy foarmen binne dêr ferskoot nei de nasalen "in" (mar útsprutsen as [ẽ:], lykas yn "grins"), "ûn" [ũ:] (lykas yn "bûns"), resp. "eun" [ø̃:] (lykas yn "geunst"). It ûnderskie tusken de ferskillende soarten a-, o-fan-"hok"- en o-fan-"bok"-klanken binne lykwols karakteristyk foar de Fryske Waaddialekten. Fierders hat it Aastersk ek noch in stikmannich twaklanken en trijeklanken dy't it Standerfrysk net ken:

Aasterske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
ae [a.ǝ] pae ("pake"), twae ("twa") in diftongisearre foarm fan 'e lange a [a:], lykas yn it Dútske Nahe
aauw [a:u] blaauw ("blau"), raauw ("rau") lykas de "au" yn "gau", mar mei de a-klank langer oanholden
eauw [e:u] schreauw ("skreauw", "gjalp"), leauw ("liuw") lykas yn it Nederlânske meeuw
ôa [ɔ.ǝ] fôale ("fôle"), hôane ("hoanne") in diftongisearre foarm fan 'e ô [ɔ:] fan "nôch", dus "ô" mei in sjwa derefteroan
(dizze klank komt oerien mei de regionale fariant fan 'e Fryske ô fan it noardlike Klaaigebiet)
uau [ua.u] schruauwen ("skreaun"), druauwen ("dreaun") de û [u] fan "kût", folge troch de au [a.u] fan "gau", mar mei in langer oanholden a
uou [uo.u] schruouwen ("skreaun"), druouwen ("dreaun") de û [u] fan "kût", folge troch de lange o [o:] fan "rook" en nochris de û [u] fan "kût"

De lêste beide trijeklanken binne regionale foarmen fan 'e Standertfryske "eau". Fierders makket it Aastersk ek noch ûnderskie tusken de "au" fan "gau", lykas yn dauw ("dau") en pauw ("pau"), en de "ou" fan "grou", lykas yn grouw ("grou") en blouw ("bleau", doetiid fan "bliuwe"). Yn it Standertfrysk wurdt dat útspraakferskil soms noch wol werjûn yn wurdboeken, mar de measte sprekkers meitsje der gjin ûnderskie mear tusken.

Oarstalige ynfloeden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de ynfloed fan it Hollânsk-Fryske Midslânske dialekt en letter fan it Standertnederlânsk hat it Aastersk ek oarstalige ynfloeden ûndergien. Sa stie it, benammen yn 'e santjinde en achttjinde iuw, de tiid dat in der op 'e Waadeilannen in protte oan 'e walfiskfeart dien waard, ek ûnder ynfloed fan Skandinavyske talen, lykas it Sweedsk, it Deensk en it Noarsk. Ek de iuwenlange Eastseehannel spile yn dat ramt in grutte rol. Sadwaande kinne ek tsjintwurdich noch yn it Aastersk Noardgermaanske ynfloeden weromfûn wurde. In foarbyld dêrfan is bygelyks it wurd jeure foar "dwaan". Ferlykje gøre (Deensk), göra (Sweedsk) en gjøre (Noarsk), wêrby't yn acht nommen wurde moat dat yn 'e Noardgermaanske talen, it Deensk útsûndere, in g foar in ø [ø] útsprutsen wurdt as in j [j].

Hjirnei in priuwke fan it Aastersk, in fragmint út it foaropwurd fan it Wêdenboek fon et Aasters, troch Cornelis Roggen:

Wae soaë froeger tôcht ha, dot so'n wêdenboek noadig wêze soaë? Jae, noadig, wont derom is et schruouwen, om nog sofolle mogelik fon et dialekt te bewarjen, in ik yn de hoop dot er noe meschien minsen komme sil, di hirfor helpe wol. Schyljelôn is befoarruchtet omdot et eigen dialekten hat, in wi mot prebearje se te behôden, wont as un taal wei is, don is ik et folk-as-folk wei. Hofol minsken bin er net di graag wonnen, dot se so'n dialekt sprekke koenen? Jim kon et merke oan minsken di fon 'e fêste wol komme, ho arig se et fine dot op Schyljelôn nog dialekt spritsen wodt. Wêz don ik sunig op jim taal, brúk him sofolle mogelik, wont ho mear jim him bruke, ho better et is. 't Is krek as mei ôde hos: jo mot yn 'e syl bloeë, oas worre se stiif in kreupel in wachtsje op 'e dead.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. 1,0 1,1 1,2 Grosso, Maria del, Aasters dialect leren als verjaardagscadeau, yn: de Ljouwerter Krante, 3 july 2018, s. 19.. (kepp.)
  2. Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004, s. 82.

boarnen:

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)