Springe nei ynhâld

Kollumersk

Ut Wikipedy
Kollumersk
algemien
eigen namme Kòllumers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ±1.200 (2004, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Kollumersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Kollumersk (Kollumersk: Kòllumers) is in dialekt fan it Stedsk dat sprutsen wurdt yn Kollum, in doarp yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw, mar it is ûndúdlik wêrom't of hoe't it Stedsk him nei Kollum ta útwreide hat. It Kollumersk is in Hollânsk dialekt, en moat net betize wurde mei it Kollumerlânsk of it Pompstersk (fan Kollumerpomp), dat Nedersaksyske taalfoarmen binne, dy't yn it eastlike part fan Kollumerlân sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Kollumersk, no't de skoalbern yn it doarp foar it meastepart Nederlânsktalich grutbrocht wurde.

Foarhinne bestie der twifel oer oft it Kollumersk wol ta it Stedsk rekkene wurde koe, mei't it dêrby tradisjoneel allinne mar gie om 'e dialekten fan 'e stêden Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum. Hoewol't der yn 1895, 1937 en 1955 enkêtes holden waarden ûnder sprekkers fan it Kollumersk, bestie oant resint dochs noch twifel oer de klassifikaasje fan it dialekt.

De lokaasje fan it Kollumersk yn 'e provinsje Fryslân.

Ut in ûndersyk dat yn 1996 troch taalkundige Cor van Bree ferrjochte waard ûnder in groepke âldere ynwenners fan Kollum, die lykwols ûntsjinsisber de status fan it pleatslike dialekt as in foarm fan it Stedsk bliken. Yn in lêzing dy't er yn 2008 hold yn De Colle, yn Kollum, tsjutte taalkundige en meiwurker fan 'e Fryske Akademy Pieter Duijff oan dat der wol deeglik beskate ferskillen besteane tusken it Kollumersk en de oare Stedske dialekten, mar dat dy allegearre út te lizzen binne troch de geografyske lokaasje fan Kollum yn it easten fan Fryslân en oan 'e râne fan it Fryske taalgebiet, yn tsjinstelling ta de oare Stedske dialekten, dy't allegearre middenyn 'e provinsje of oan 'e kust sprutsen wurde.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kollumersk omfiemet typysk Stedske wurdfoarmen as wurtel ("woartel"), speule ("boartsje"), deen ("dien"), suden ("soene") en wuden ("woene"). It ûnderskiedt him lykwols benammen fan 'e oare Stedske dialekten troch de ynkorporaasje fan mear Fryske wurden en útdrukkings. Sa neame Kollumers de bekende produsint fan konsumpsje-aaien in hin ("hin"), wylst alle oare Stedske dialekten dêrfoar it wurd kyp brûke. Hjirûnder noch in pear soksoarte foarbylden:

It âlde gemeentehûs fan Kollumerlân, oan 'e Foarstrjitte yn Kollum.
wurd Kollumersk Ljouwertersk Snitsersk Frjentsjertersk Harnzersk Dokkumersk Boalsertersk Starumersk
ankel ankel enkel enkel enkel enkel enkel enkel, ankel enkel
bôle bôle broad broad broad broad broad broad, bôle broad
hiel, heel hiel heel heel heel heel heel heel heel
hin hin kyp kyp kyp kyp kyp kyp kyp
snie snie sneeuw, snee sneeuw, snee snee snee snie snee snee
sweltsje swel swaluw swaluw swaluw swaluw swaluw swaluw swel
toarnbei tumbei, tunnebei braam braam braam braam braam, tombei braam braam, tambei

Njonken de Fryske ynfloed lit it Kollumersk teffens beskate ynfloeden sjen fan 'e Nedersaksyske Grinslânske dialekten, benammen fan it Westerkertiersk. Sa knipe Kollumers bygelyks krekt as Grinslanners it efterheaksel -en ôf, sadat der in wurdlid ûntstiet dat inkeld -n omfiemet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)