Kollum
Kollum | ||
Sytzamahûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.805 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 15,79 km², wêrfan: - lân: 15,27 km² - wetter: 0,51 km² | |
Befolkingsticht. | 377 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 16' N 6° 9' E | |
Offisjele webside | ||
aldwald.nl | ||
Kaart | ||
Kollum (Frysk en Kollumersk) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Kollum leit noardlik fan Bûtenpost, eastlik fan Aldwâld, noardwestlik fan Augsbuert-Lytsewâld, súdwestlik fan De Pomp en besuden Ingwierrum. De doarpskearn leit om de Foarstrjitte, Easterdjipswâl en Westerdjipswâl.
De buorskippen It Paradyske, Kollumerâldsyl, Leechlân, Ter Lune en Sânhuzen lizze yn 'e himrik fan Kollum. Earder hearde Kollumerpomp ek by Kollum, mar dat is al lang in selsstannich doarp.
Op 1 jannewaris 2023 hie Kollum 5.805 ynwenners.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súdlik fan it doarp leit it typyske kûlisselânskip fan de Fryske Wâlden. Dy kant út wurdt Kollum begrinze troch de Strobosser Trekfeart, in kanaal dat rint fan it Prinses Margrietkanaal by Strobos nei Dokkum. Bylâns dit kanaal rint de Trekwei, of N911. Wat fierder nei it suden leit it doarp Bûtenpost mei de spoar- en weiferbining nei Ljouwert en Grins. It kûlisselânskip rint ek fierder yn westlike rjochting. Dêr lizze de doarpen Kollumersweach, Feankleaster en Aldwâld, nammen dy't alle trije te krijen hawwe mei de wâldstreek. Tusken Kollum en Aldwâld leit de Lauwersmarwei, de provinsjale wei N358 tusken Bûtenpost en Dokkumer Nije Silen. Dy wei rint mei in bôge noardlik om Kollum hinne.
Krekt noardlik fan it doarp wurdt it lânskip behearske troch de grutte keale greiden fan de klaaigrûnen. Dielen fan dat gebiet binne ynpolderde see-earmen en wurde de Tochmalannen neamd. Yn it noardeasten grinzet de himrik fan it doarp oan de râne fan de Lauwersmar. Nei it easten ta wurdt Kollum omseame troch fruchtbere greiden mei fierderop de doarpkes Kollumerpomp en Boerum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Kollum giet werom op ± 750 nei Kr. It doarp bestie mar út in lytse delsetting, Colheim, letter ek wol de Kollumerterp, neamd. Troch de lizzing fan Colheim oan in brede natoerlike stream (de Dwersryd), dy't yn ferbining stie mei de Lauwerssee, wie Kollum geskikt as haven foar de útfier fan bûter, tsiis en benammen nôt. Tusken de 11e en 13e iuw waard it lân benoarden Kollum yndike en waarden de omlizzende (fean)grûnen súdlik fan it doarp yn kultuer brocht. Sadwaande krige Kollum steesoan mear in sintrumfunksje yn de omkriten. Troch de bou fan in rjochthûs waard de flekke ek haadplak fan de gemeente Kollumerlân.
Fan âlds wie it in flekke, in doarp mei merkrjocht. Yn de 16e iuw wie Kollum, neist de stêden, in wichtich hannelssintrum wurden. Dy funksje waard noch fuortsterke troch de stifting fan in waachgebou, wêrtroch't ûnder mear in grut diel fan de Dokkumer tsiishannel nei Kollum ferhûze. De 17e en 18e iuw wiene foar Kollum tiden fan groei en bloei troch hannel en skipfeart. Midden 17e iuw kaam op kosten fan de stêd Dokkum de Strobosser Trekfeart ta stân, sadat Kollum oer de koarte Kollumer Trekfeart in goede ferbining krige mei it suden. Der rûn in Hessewei lâns Kollum, noch altyd werkenber yn in strjitnamme.
Dat rjochthûs wie op 3 en 4 febrewaris 1797 it toaniel fan it saneamde Kollumer Oproer, doe't in smite minsken ûnder oanfiering fan Jan Binnes en Salomon Levy dêr Abele Reitses út hannen fan it gesach befrijden. It oproer waard feroarsake troch in tanimmend ferset tsjin de boargerbewapening, ynsteld troch de Frânske oerhearskers om har te warjen tsjin de Prinsgesinden. De arrestaasje en finzennimming yn it Kollumer rjochthûs fan de oranjegesinde Abele Reitzes soarge foar safolle opskodding yn de regio, dat in smite minsken ûnder oanfiering fan Jan Binnes en Salomon Levy dêr him út hannen fan it gesach befrijden. Op de wei nei it rjochthûs waarden grutte fernielings oanrjochte. Troch mei grut machtsfertoan dit oproer yn de kym te smoaren en 168 minsken te arrestearjen, wisten de patriotten de boel del te bêdzjen.
Stadichoan is Kollum benammen oan de Foarstrjitte en inkele sydstrjitten útwreide, yn de 19e iuw kaam der yn it suden, westlik fan de trekwei, bebouwing by. Yn de 20e iuw en benammen nei de Twadde Wrâldoarloch is Kollum sterk útwreide. Earst yn it súdwesten en ek oan de eastlike side fan de trekfeart, letter oan de noardeastlike side en op 't lêst oan de westlike (wenningbou) en de eastlike kant (bedriuwsterrein) fan it doarp.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat Kollum yn it ferline altyd in sintraal plak yn de omkriten west hat, wie der by de ûndernimmers fan it doarp in relatyf reedlike wolfeart. Seker ôfsetten tsjin it feit dat Kollum yn ien fan de earmste regio's fan Fryslân lei. Oan de haadstrjitte, de Foarstrjitte is dat te sjen oan de typysk Hollânske gevels as de trepgevel, listgevel en de klokgevel. Meiïnoar hat Kollum 31 monuminten, ûnder mear de beide hjirûnder neamde tsjerken, it âlde postkantoar en it âlde riedhûs.
Alde riedhûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde gemeentehûs wie yn it begjin fan de 19e iuw boud yn empirestyl as wenhûs fan de hear Eskes. Yn 1895 waard it oankocht troch it gemeentebestjoer. Yn 2003 ferhuze it gemeentebestjoer nei it Westenstein, yn earder tiden ek yn it besit fan in lid fan de famylje Eskes.
Martentsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It besjen wurdich yn Kollum is de Martenstsjerke, in Goatyske tsjerke mei boudielen út de trettjinde en fyftjinde iuw en op 'e nij ûntdutsen muorreskilderingen út de roomske tiid. De Martenstsjerke is de eardere herfoarme tsjerke en ien fan de tsjerken fan de PKN-gemeente.
Eastertsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Oosterkerk (Kollum).
De Eastertsjerke út 1925 waard as grifformearde tsjerke boud en is in ûntwerp fan arsjitekt Egbert Reitsma. Reitsma makke diel út fan it Grinzer keunstnersrûnte De Ploeg. De modern eagjende souderskilderingen binne fan George Martens, ek lid fan De Ploeg. Sûnt 2007 wurdt de tsjerke de Eastertsjerke neamd. De ynwenners fan Kollum koenen har yn in enkête útlitte oer de namme fan de tsjerke. De nije namme is diels ûntliend oan it feit dat de tsjerke oan de Oostenburgstrjitte stiet.
Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tochmalân (wynmole).
Noardlik fan it doarp stiet oan de strjitte Tochmalân de poldermûne mei deselde namme út 1893.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Streekmuseum (Aldheidkeamer Mr. Andreae)
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in soad foarsjennings mei njonken in goed fertsjintwurdige middenstân it kulturele sintrum 'De Colle'. Der binne trije basisskoallen en twa skoallen foar fuortset ûnderwiis. Der is in binnen- en bûtenbad, tennisbanen, in jachthaven. Yn it doarp wurdt ek de streekkrante, it Nijsblêd fan Noard-East Fryslân útjûn, ek wol de Kollumer Krante neamd of gekjeiend it 'Kollumer âld-wiif'.
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kristlike Skoalle Mienskip Lauwers Kolleezje
- Iepenbiere Middelbere Skoalle !mpulse Kollum
- Iepenbiere basisskoalle Prof. Casimir
- Kristlike basisskoalle Prins Bernhard
- Kristlike basisskoalle Keninginne Juliana
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kollum hat noch twa tsjerken, dy't alle twa by de PKN oansletten binne:
- Martenstsjerke
- Eastertsjerke
De Kandelaar, in tredde tsjerke fan de PKN, dy't brûkt waard troch de Herfoarme Gemeente op Grifformearde Grûnslach, hat yn 2021 de doarren sletten.[2]
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle jierren waarden yn de wike foar Keninginnedei de Kollumer Tsiisdagen organisearre. Kollum hat ek syn namme oan in tsiis jûn, de Kollumer tsiis. Troch't dat organisaasjekommitee opgien is yn de Stifting Aktiviteiten Platfoarm Kollum is de namme feroare yn Kollumer Kat-dagen. Ien fan de aktiviteiten op dy dagen is in sponsorloop, de saneamde Kollumerkatloop.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pleatslik Belang Kollum
- EHBO feriening Kollum
- Kulturele Feriening Freonerûnte Kollum
- Fûgelwacht Kollum e.o.
- Fuotbalferiening Kollum
- Triumphera -follybal
- Wettersportferiening Kollum
- KTC - Kollumer Tennis Club
- Tamboer, -Lyra,-Majorettekorps Kollum
- Badmintonclub Kollum
Bekende Kollumers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anno Henstra (1650-1723), keunstskilder
- Bonne Kazemier (1875-1967), arsjitekt
- Rommert Casimir (1877-1957), opfiedkundige en ûnderwiisfernijer
- Jan Feitsma (1884-1945), yn de Twadde Wrâldoarloch prokureur-generaal yn Amsterdam
- A.D. Hildebrand (1907-1977), berneboekeskriuwer
- Foekje Dillema (1926-2007), atlete
- Sipke van der Land (1937), tv-presintator, kristlik skriuwer en predikant
- Bartele Vries (1942), politikus
- Feike Salverda (1946-1996), ûndersyksjoernalist
- Jacob Slagter (1958), hoarnist en dirigint
- Alex de Jong (1967), fantasyskriuwer
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oantal ynwenners troch de jierren hinne op 1 jannewaris.
1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2012 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
5.664 | 5.676 | 5.692 | 5.752 | 5.789 | 5.613* | 5.621 | 5.654 | 5.654 | 5.525 |
2013 | 2015 | 2020 | |||||||
5.477 | 5.513 | 5.639 |
(* Delgong yn dat jier fanwegen de sluting fan it AZC)
Strjitnammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle Strjitten fan Kollum.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Salomon - It Kollumer oproer, it iepenloftspul oer it Kollumer Oproer (2019)
- Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|