De Ploeg
Appearance
De Ploeg is in keunstnerskollektyf dat yn 1918 yn de stêd Grins oprjochte waard. De leden wiene meast keunstskilders, mar ek muzikanten en literatoaren hawwe lid west fan de Grinzer Keunstrûnte De Ploeg.
It kollektyf waard oprjochte troch Jan Wiegers, George Martens, Jan Altink, Johan Dijkstra en oare jonge keunstners mei it doel nije mooglikheden te skeppen foar útstallingen en om it publyk te ûnderrjochtsjen oer ûntjouwings yn de keunst, arsjitektuer en literatuer.
Ferskate keunststilen wiene fertsjintwurdige yn "De Ploeg": ekspresjonisme, konstruktivisme en ympresjonisme. It keunstnerskollektyf bestiet noch altyd, mar hie syn grutste belang yn de jierren tweintich.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|