De Pomp
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2014) | 477 | ||||
Webstee | Webstee De Pomp |
De Pomp[1] (Frysk en Pompstersk; Nederlânsk en offisjeel: Kollumerpomp) leit sûnt de gemeentlike weryndieling fan 2019 yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Foar dy tiid wie it ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân.
De Pomp is in streekdoarp oan de om 1315 hinne oanleine âlde dyk dy't yn 1529 in slieperdyk waard doe't om it Nijkrúslân in nije dyk oanlein waard. Dêrnei is der bebouwing kaam yn de buert fan de yn de 15e iuw oanleine dûker yn 'e dyk (de pomp). De Pomp hat hiel lang in buorskip west fan Kollum, mar hat tsjintwurdich de status fan doarp. De bebouwing ûntstie yn it begjin benammen oan de súdkant fan de dyk, mar nei de oarloch wreide it doarp him benammen oan de noardkant fan de dyk út. It Pompster Ryd rint troch it doarp.
Krekt boppe De Pomp leit it rekreaasjegebiet Kollumeroard.
Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn De Pomp wurdt in Nedersaksysk Grinslanner dialekt sprutsen dat in soad Fryske ynfloeden hat. It Pompstersk wurdt noch sprutsen troch in 200 minsken en wurdt sterk mei útstjerren bedrige.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It doarpshûs fan De Pomp hjit It Trefpunt, 'De Wegwijzer' is de kristlike skoalle fan it doarp.
Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Yn 1906 waard yn it doarp in Grifformearde tsjerke sûnder toer setten.
- Yn 1984 stifte Frans Lucassen de 'Russysk-Ortodokske Tsjerke fan de hillige Panteleimon'. De kapel is yn omboude skuorre (de tsjinsten binne yn it Nederlânsk en somtiden yn it Frysk).
- Op de Nije- of Bûtendyk stiet it saneamde kontribúsjehûske dat it wetterskip Seediken Kontribúsje Kollumerlân en Nijkrúslân dêr yn 1828 bouwe liet. It waard brûkt as stoarmwachtershûske en foar it hâlden fan gearkomsten.
- It doarp hat ek in út 1845 stammende wettermûne, de Westermûne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|