Springe nei ynhâld

Keningsdei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keninginnedei)
Keningsdei
Koningsdag
plak en tiid
lân Nederlân
Kurasau
Arûba
Sint-Marten
plak troch it hiele lân
datum 27 april
bysûnderheden
oare namme Prinsessedei (1885-1890)
Keninginnedei (1891-2013)
oanlieding jierdei fan 'e kening
soarte evenemint sekuliere hjeldei
bestean 1885 – no
(2014 – no as Keningsdei)

Keningsdei (sûnt 2014), earder Prinsessedei (1885-1890) en Keninginnedei (1891-2013), is in nasjonale feestdei yn it hiele Keninkryk fan 'e Nederlannen, dy't sadwaande net inkeld fierd wurdt yn (Jeropeesk) Nederlân, mar ek yn Karibysk Nederlân, Kurasau, Arûba en Sint-Marten. Sûnt 2014 falt Keningsdei op 27 april, de jierdei fan kening Willem-Alexander, behalven as dat in snein is; dan wurdt Keningsdei op 26 april fierd. De fiering fan dizze feestdei giet mank mei in besyk fan 'e kening oan in plak yn Nederlân, festiviteiten yn it hiele lân (ek yn 'e foarôfgeande Keningsnacht), it dragen fan oranje kledaazje, en in frijmerk yn 'e grutte stêden. Sûnt septimber 2013 is Keningsdei opnommen yn 'e Nasjonale Ynventaris Ymmaterieel Kultureel Erfgoed.

Oarspronklik, d.w.s. ûnder it regear fan keninginne Wilhelmina, waard Keninginnedei fierd op 31 augustus, de jierdei fan 'e keninginne. Doe't har dochter Juliana de troan bestige, waard it feest mei yngong fan 1949 ferset nei 30 april, de jierdei fan 'e nije keninginne.

Juliana har opfolchster Beatrix, dy't yn 1980 op 'e troan kaam, keas derfoar om 'e datum fan 30 april oan te hâlden, mei't hjasels har jierdei hie yn 'e winter, op 31 jannewaris, as it waar him oer it algemien net lient foar in feest yn 'e iepen loft. Doe't kening Willem-Alexander yn 2013 op 'e troan kaam, helle dy Keninginnedei trije dagen nei foarren, sadat it feest op syn eigen jierdei foel, op 27 april. Boppedat waard fansels de namme oanpast ta Keningsdei.

Keninginnedei 1931 yn Harns, mei in fersierde T-Ford.

Yn jierren dat 30 april op in snein foel, waard Keninginnedei ûnder it regear fan keninginne Juliana in dei opskood en op 'e moandei fierd, op 'e Dei fan de Arbeid, 1 maaie. Sûnt keninginne Beatrix oan it bewâld kaam, waard Keninginnedei syn sokke gefallen krekt in dei earder holden, op 'e sneon, 29 april. Dat kaam foar it lêst foar yn 1989. Nei 2013 is de regel oanholden dat as Keningsdei op in snein falt, it feest in dei foarúthelle wurdt nei de sneon. It falt dan dus op 26 april. De earste kear dat dat foarkomme sil, is yn 2025.

Yn 'e njoggentjinde iuw waard yn Nederlân in ferlykbere feestdei fierd, dy't Waterloodei hiet en op 18 juny foel. Dêrby waard de oerwinning op Napoleon yn 'e Slach by Waterloo fan 1815 betocht. Doe't geandewei de iuw it oantinken oan dat wapenfeit ferdizene, begûn Waterloodei stadichoan ûnopmurken foarby te gean, en úteinlik blette it feest folslein dea.

Noch foar de 'echte' Keninginnedei waard op 31 augustus 1885 de earste Prinsessedei organisearre, ta gelegenheid fan 'e fyfde jierdei fan de jonge prinsesse Wilhelmina. It inisjatyf dêrta waard nommen troch de haadredakteur J.W.R. Gerlach fan it Utrechtsch Provinciaal en Stedelijk Dagblad, mei as doel om 'e neidruk te lizzen op de nasjonale ienheid fan Nederlân. De earste edysje fan Prinsessedei bleau beheind ta de stêd Utert. Ek in jier earder, yn 1884, hiene dêr al festiviteiten yn it ramt fan 'e jierdei fan prinsesse Wilhelmina west, mar dy waarden doe noch net 'Prinsessedei' neamd. Yn 'e folgjende jierren begûnen oar plakken yn Nederlân it fenomeen Prinsessedei oer te nimmen.

Frijmerk op Keninginnedei 2004 yn Dimter.

Nei it ferstjerren fan kening Willem III, yn 1890, doe't Wilhelmina har heit opfolge en keninginne waard (de earste jierren noch ûnder it regintskip fan har mem, keninginne Emma), ûntjoech Prinsessedei him ta Keninginnedei. Dy dei waard fral in feestdei foar bern. Op har achttjinde jierdei, op 31 augustus 1898, waard Wilhelmina regearjend foarstinne. Hja waard op 6 septimber fan dat jier ynhuldige. Oant en mei 1948 waard Keninginnedei op 31 augustus fierd.

Oant de Twadde Wrâldoarloch wie 1 maaie, de Dei fan de Arbeid, in wichtige rivaal fan Keninginnedei. Sosjalisten en kommunisten fierden dy dei mei grutte optochten en oare festiviteiten. De Dei fan de Arbeid hie in polityk karakter, mar dat hie Keninginnedei yn dy tiid ek. Yn it tige ferpyldere Nederlân fan 'e foaroarlochske snuorje bestie it net dat oanhingers fan anty-monargistyske politike partijen as de SDAP en de CPN Keninginnedei fiere soene. Omkeard fierden de kristen-demokratyske en liberale partijen de Dei fan de Arbeid net. Ynstee fan Nederlân te ferienjen, dreaune sokke feestdagen it lân fierder útinoar. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't der in fermoedsoening ta stân kommen wie tusken de sosjalisten en de monargy, ûntjoech Keninginnedei him ta in feestdei foar àlle Nederlanners. Mei dêrtroch rekke doe yn Nederlân de fiering fan 'e Dei fan de Arbeid stadichoan yn it neigean.

Nei't Juliana yn 1948 har mem Wilhelmina as keninginne opfolge wie, waard fan 1949 ôf Keninginnedei fierd op 'e jierdei fan 'e nije foarstinne, dy't op 30 april foel. Wylst yn 'e tiid fan Wilhelmina de keninginne en keninklike famylje nea by de festiviteiten oanwêzich west hiene, krige keninginne Juliana alle jierren in blommehulde by in nasjonaal defilee op Paleis Soestdyk. Sûnt de jierren fyftich wie dit evenemint yn in live-útstjoering fia de tillefyzje te folgjen. Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch wie Keninginnedei noch in gewoane wurkdei, mar meitiid krigen almar mear minsken op dy datum in frije dei, sadat 30 april útgroeie koe ta in lanlike feestdei. Yn 1971 kaam koart foar Keninginnedei de mem fan prins Bernhard, prinsesse Armgard, yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren. It defilee waard dat jier sadwaande ôflast, en keninginne Juliana wenne op har 62e jierdei mei alle oare leden fan 'e keninklike famylje de útfeart fan har skoanmem by.

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima besykje De Ryp, yn Noard-Hollân, op Keningsdei 2014.

Op Keninginnedei 1980 die keninginne Juliana ôfstân fan 'e troan. Hja waard doe opfolge troch har dochter Beatrix, dy't besleat om foar Keninginnedei de datum fan 30 april oan te hâlden. Yn namme wie dat om't it de dei wie fan it oanfurdzjen fan har amt en har ynhuldiging as keninginne fan 'e Nederlannen, en teffens om har mem te earjen, mar eins wie it benammen om't har eigen jierdei op 31 jannewaris foel, in winterdei dy't fanwegen waar en temperatuer minder gaadlik wie foar in grutskalich evenemint yn 'e iepen loft. Beatrix wizige wol de foarm fan Keninginnedei. Dêr't de lju by har mem altiten foar it huldigjen nei Paleis Soestdyk ta kaam wiene, gie Beatrix (beselskippe fan oare leden fan 'e keninklike famylje) alle jierren sels nei ien of twa plakken yn it lân ta foar in sermoniële besite. Sa'n barren gie ornaris mank mei útstallings en aktiviteiten oangeande de skiednis en ekonomy fan it oangeande plak, mei dêropta 'Aldhollânske' spullen lykas koekhappen en sekrinnen.

Yn 1988 waard tagelyk mei Keninginnedei ek de fyftichste jierdei fan keninginne Beatrix fierd (hoewol't dy eins ein jannewaris al plakfûn hie). Yn dat ramt gie de foarstinne dat jiers net inkeld op in offisjele, yn 't foar plande besite oan 'e Oeriselske plakken Genemuiden en Kampen, mar brocht se oan 'e ein fan 'e middei ek in ynformeel ferrassingsbesyk oan 'e frijmerk yn Amsterdam. Yn 2001 gie it besyk fan keninginne en keninklike famylje fanwegen de Tongblierkrisis net troch; de plande besite oan 'e Drintske plakken Hoogeveen en Meppel waard doe in jier útsteld en fûn plak yn 2002. Yn 2005 waard tagelyk mei it besyk oan Skeveningen ek it 25-jierrich regearingsjubileum fan keninginne Beatrix fierd. Yn 2009 waard it besyk oan Apeldoarn hommels ôfbrutsen nei in oanslach op 'e keninklike staasje foar Paleis It Loo.

Op 28 jannewaris 2013 kundige keninginne Beatrix oan dat se dat jiers op Keninginnedei ôfstân fan 'e troan dwaan soe. Sadwaande fûnen dat jier op Keninginnedei har abdikaasje en de ynhuldiging fan har soan Willem-Alexander as kening plak. De plande besiken oan De Ryp en Amstelfean waarden doe in jier útsteld en ynhelle yn 2014, op 'e earste Keningsdei, sa't de feestdei doe kaam te hjitten. Dat jier wie ek de earste kear dat it barren trije dagen earder, op 27 april, holden waard, mei't dat de jierdei fan 'e nije kening wie. Willem-Alexander fierde yn 2013 op 'e freed foarôfgeande oan Keningsdei in nasjonale sportdei yn op basisskoallen yn it hiele lân, dy't de namme 'de Keningsspullen' krige. Nei't de oangiene ferplichtings oan De Ryp en Amstelfean ôfhannele wiene, krige ek Keningsdei sels fan 2015 ôf in oare foarm: der waard tenei noch mar ien plak besocht, wêrby't de klam minder op tradisjonele fermaken en spullen, en mear op moderne aktiviteiten kaam te lizzen.

Frijmerk yn it Amsterdamske Vondelpark, op Keningsdei 2007.

Aktiviteiten yn ûnbesochte plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e dei foàr Keningsdei fynt yn Nederlân tradisjoneel de Lintsjesrein plak: it útdielen fan 'e keninklike ûnderskiedings. As Keningsdei op in snein falt, dan reint it lintsjes op 'e freed dêrfoar, dus deselde deis as dêr't de Keningsspullen op holden wurde. Yn it ferline fûn de lintsjesrein yn sa'n gefal plak op 'e sneon foar Keningsdei.

Los fan 'e keninklike besite oan ien of mear útkarde plakken wurdt Keningsdei (foarhinne Keninginnedei) ek fierd yn plakken dy't it sûnder in keninklik besyk stelle moatte. Dat wurdt dien troch oranje slingers en oare feestfersiering op te hingjen of oan te bringen, en troch oranje klean te dragen (oranje is de nasjonale kleur fan Nederlân). Op in protte plakken wurde grutte feesten yn 'e iepen loft holden, mei muzyk en iterij.

Fierders wol de tradysje dat boargers op Keningsdei gjin ferlet hawwe fan in fergunning om op 'e dyk dingen ferkeapje te meien. Dat soepele belied fan oerheidswegen liedt dy deis yn in soad plakken, mar benammen yn 'e grutte stêden, ta mânske rommelmerken op 'e strjitte, de saneamde frijmerk. Yn 'e praktyk is it trouwens sa dat in boargemaster noch wolris út feilichheidsomtinkens de ferkeap fan bgl. iten en drinken op beskate plakken en/of beskate tiden ferbiedt. Fral Amsterdam stiet bekend om syn grutte frijmerk, dy't elts jier wer mear as in heal miljoen besikers lûkt. Njonken Amsterdammers binne dat fral minsken út 'e rest fan it lân. Ek foar bûtenlânske toeristen is King's Day, sa't it oanpriizge wurdt (foarhinne Queen's Day), ien fan wichtichste eveneminten yn Amsterdam.

Om't Keningsdei in nasjonale feestdei is, wat betsjut dat it foar in soad minsken in frije dei is, gripe in protte lju de kâns oan om dan út te sliepen en de foarôfgeande jûn út te gean. Dy jûn (en nacht) foarôfgeande oan Keningsdei is bekend kommen te stean as de Keningsnacht (foarhinne Keninginnenacht). Yn De Haach sprekt men (yn it Hageneeske dialekt) fan Koningsnach (sûnder -t; foarhinne Koninginnenach), en yn Rotterdam hjit de Keningsnacht de Nacht van Oranje, dy't fierd wurdt yn Ahoy. Yn Apeldoarn en omkriten wurdt de Keningsnacht de Prinsennacht neamd, en hjit is de Keningsnacht krekt de nacht néi Keningsdei.

List fan besochte plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder in list mei plakken dy't fan 1981 oant en mei 2013 yn it ramt fan Keninginnedei besocht binne troch keninginne Beatrix, en fan 2014 oant no yn it ramt fan Keningsdei troch kening Willem-Alexander.

jier plak(ken) provinsje(s) opmerkings
Keninginnedei
1981 Feare Seelân
Breda Noard-Brabân
1982 Harns Fryslân
Súdlaren Drinte
1983 Lochem Gelderlân
Vaassen Gelderlân
1984 De Haach Súd-Hollân teffens fiering 75e jierdei fan prinsesse Juliana
1985 Anna Paulowna Noard-Hollân
Callantsoog Noard-Hollân
Skagen Noard-Hollân
1986 Deurne Noard-Brabân
Meijel Limburch
1987 Breukelen Utert teffens fiering 50-jierrich houlik fan prinsesse Juliana en prins Bernhard
1988 Genemuiden Oerisel teffens fiering 50e jierdei fan keninginne Beatrix; it besyk oan Amsterdam wie in ynformeel ferrassingsbesyk
Kampen Oerisel
Amsterdam Noard-Hollân
1989 Goedereede Súd-Hollân
Ald-Beijerlân Súd-Hollân
1990 Loppersum Grinslân
Haren Grinslân
1991 Bueren Gelderlân
Kulemboarch Gelderlân
1992 Rotterdam Súd-Hollân
1993 East-Flylân Fryslân
Snits Fryslân
1994 Emmeloard Flevolân
Urk Flevolân
1995 Eijsden Limburch
Sittard Limburch
1996 Sint-Maartensdijk Seelân
Bergen op Soom Noard-Brabân
1997 Marken Noard-Hollân
Felsen Noard-Hollân
1998 Doesburg Gelderlân
Sutfen Gelderlân
1999 Houten Utert
Utert Utert
2000 Katwyk Súd-Hollân
Leien Súd-Hollân
2001 gjin Keninginnedeibesyk fanwegen de Tongblierkrisis
2002 Hoogeveen Drinte de útstelde besiken fan 2001
Meppel Drinte
2003 Wijhe Oerisel
Dimter Oerisel
2004 Warffum Grinslân
Grins Grinslân
2005 Skeveningen Súd-Hollân teffens fiering 25-jierrich regearingsjubileum fan keninginne Beatrix
2006 Zeewolde Flevolân
Almeare Flevolân
2007 Woudrichem Noard-Brabân
De Bosk Noard-Brabân
2008 Makkum Fryslân
Frjentsjer Fryslân
2009 Apeldoarn Gelderlân foartidich ôfbrutsen fanwegen de oanslach op Keninginnedei 2009
2010 Wemeldinge Seelân
Middelburch Seelân
2011 Thorn Limburch
Weert Limburch
2012 Rhenen Utert
Veenendaal Utert
2013 gjin besyk fanwegen de abdikaasje fan keninginne Beatrix en de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander
Keningsdei
2014 De Ryp Noard-Hollân de útstelde besiken fan 2013
Amstelfean Noard-Hollân
2015 Doardt Súd-Hollân 1ste Keningsdei nije styl, mei in besyk oan mar ien plak
2016 Swol Oerisel
2017 Tilburch Noard-Brabân teffens fiering 50e jierdei fan kening Willem-Alexander
2018 Grins Grinslân
2019 Amersfoart Utert
2020 Ofsein fanwegen de koroanapandemy.
2021 Eindhoven Noard-Brabân Oanpast programma fanwegen de jildende koroanamaatregels.
2022 Maastricht Limburch

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.